Fantômas
Fantômas is in metalband dy 't as njonkenprojekt oprjochte waard troch de sjonger fan Faith No More, Mike Patton gitarist Buzz Osborne fan Melvins, Trevor Dunn fan Tomahawk en Dave Lombardo fan Slayer. De band is ferneamd nei Fantômas, in supersmjunt dy't foarkomt yn in rige misdiedromans dy 't populêr wie yn it Frankryk fan foar de Earste Wrâldkriich, en yn films, benammen yn Frânske filmsearjes út de jierren 60. Yn 1999 kaam it debútalbum Fantômas út. Fantômas hat fjouwer studio-albums en ien live-album útbrocht.
Fantômas | ||
band | ||
Fantômas yn 2005 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1998 – No | |
label(s) | Ipecac | |
leden | ||
Sang | Mike Patton | |
Gitaar | Buzz Osborne | |
Bas | Trevor Dunn | |
Drums | Dave Lombardo |
Skiednis
bewurkje seksjeFantômas begûn krekt foar it yninoarstoarten fan Faith No More, as in rige krampeftige, avant-garde metal / grindcore-nûmers komponearre troch sjonger en bandlieder Mike Patton. Patton stjoerde de demo's dêrnei nei gitarist Buzz Osborne (fan Melvins), basgitarist Trevor Dunn (fan Tomahawk) en drummer Igor Cavalera (fan Sepultura), mei de bedoeling in supergroep te foarmjen. Cavalera sloech it oanbod ôf, mar advisearre wol wa't er tocht dat perfekt wêze soe foar it projekt: Dave Lombardo fan Slayer, dy 't it akseptearre. De band hat al syn albums útbrocht fia Patton's ûnôfhinklike label Ipecac, mar ynearsten wie der ynteresse fan ferskate promininte platelabels, benammen fanwege it kommersjele sukses fan Patton mei Faith No More.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Fantômas | 27 april 1999 | Ipecac | |
The Director's Cut | 10 juny 2002 | Experiment in Terror (Henry Mancini cover) | |
Delìrium Còrdia | 27 jannewaris 2004 | ||
Suspended Animation | 5 april 2005 |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
The Director's Cut Live: A New Year's Revolution |
6 septimber 2011 | Ipecac |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|