Akercocke
Akercocke is in Ingelske blackened death metalband yn 1997, yn Londen oprjochte troch Jason Mendonça en David Gray. Yn 1999 kaam har debútalbum "Rape of the Bastard Nazarene" út. Yn 2012 waard de band opheft. Mar hy makke yn 2016 ûnferwachts in trochstart. Akercocke hat seis studioalbums útbrocht.
Akercocke | ||
band | ||
Logo fan Akercocke | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1997–2012, 2016–no | |
label(s) | Enigma, Geffen, Nuclear Blast | |
âld-leden | Martin Bonsoir (toetsen) (1997–2003) The Ritz (toetsen) (2004–2006) Matt Wilcock (gitaar) (2004–2010) Peter Theobalds (bas) (1997–2006) Peter Benjamin (bas) (2006–2012) Rob Archibald (toetsen) (2006–2010) Dan Knight (gitaar) (2010–2012) Nathanael Underwood (bas) (2016–2018) | |
leden | ||
Sang & Gitaar | Jason Mendonça | |
Gitaar | Paul Scanlan | |
Toetsen | Sam Loynes | |
Bas | Federico Benini | |
Drums | David Gray |
Skiednis
bewurkje seksjeAkercocke's debútalbum, “Rape of the Bastard Nazarene”, waard yn 1999 yn eigen behear útbrocht troch de band. Akercocke tekene letter by Peaceville en brocht yn 2001 “The Goat of Mendes” út. Yn 2002 spile Ackercocke op Wâldrock. Yn 2003 kaam it tredde album “Choronzon” út, fia it platelabel Earache. Gitarist Paul Scanlan ferliet de band nei dit album en waard ferfongen troch Matt Wilcock.
“Words That Go Unspoken, Deeds That Go Undone” waard útbrocht yn 2005. Op 18 jannewaris 2007 ferliet bassist Peter Theobalds de band en waard ferfongen troch Peter Benjamin.
Akercocke brocht yn maaie 2007 syn fyfde album, “Antichrist”, út. By it toernee om it album te promoatsjen, feroarsake de band fanwegen it anty-kristlike karakter fan de muzyk in kontroverse yn Noard-Ierlân doe't hja op 18 maaie 2007 yn Belfast spylje wollen hiene. De leden ferskynden op 'e telefyzje yn it debatprogramma fan 'e BBC “Nolan Live” twa dagen foardat it optreden plak ha sillen hie, om harren rjocht om dêr te spylje te ferdigenjen. De band gie yn 2012 útinoar nei in lange perioade fan ynaktiviteit. Foarôfgeand oan de breuk wie Akercocke fan doel in dvd út te bringen op basis fan syn 10-jierrich jubileum as band; dizze dvd is nea útbrocht.
Akercocke kundige yn 2016 ta elkenien syn ferrassing in reüny oan, mei de orizjinele gitarist Paul Scanlan dy't weromkearde nei de band, en mei nijkommer Nathanael Underwood op basgitaar. De band pleatste in nagelnij nûmer op YouTube, titele “Inner Sanctum" In nij album, “Renaissance yn Extremis”, waard útbrocht yn 2017, it earste studio-album yn tsien jier sûnt “Antichrist” út 2007. Begjin 2021 makken de bandleden bekend dat se begûn wiene mei it opnimmen fan in nij album.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Rape of the Bastard Nazarene | 28 desimber 1999 | útbrocht yn eigen behear | |
The Goat of Mendes | 11 septimber 2001 | Peaceville | |
Choronzon | 4 novimber 2003 | Earache | |
Words That Go Unspoken, Deeds That Go Undone |
10 oktober 2005 | Eyes of the Dawn | |
Antichrist | 28 maaie 2007 | ||
Renaissance in Extremis | 25 augustus 2017 | Peaceville | Rebirth: Inner Sanctum |