Dream Theater

Amerikaansk metalband

Dream Theater is in Amerikaanske progressive-metalband oprjochte yn 1985.

Dream Theater
band
Dream Theater yn 2007
Dream Theater yn 2007
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre metal
bestean 1985 - No
label(s) Mechanic,
Atco,
East West,
Elektra,
Atlantic,
Roadrunner,
Inside Out Music
âld-leden Chris Collins sang (1985–1987)
Charlie Dominici sang (1987–1990)
Kevin Moore toetsen (1985–1994)
Mike Portnoy drums (1985–2010)
Derek Sherinian toetsen (1995–1999)
leden
Sang James LaBrie
Gitaar John Petrucci
Toetsen Jordan Rudess
Bas John Myung
Drums Mike Mangini

Dream Theater is oprjochte yn 1986 troch gitarist John Petrucci, bassist John Myung en drummer Mike Portnoy wylst sy studearren oan de Berklee College of Music yn Boston. Kevin Moore, in skoalkammeraat fan Petrucci op de high skoalle, waard rekrutearre om keyboards te spyljen en Chris Collins waard frege as sjonger.

It fiiftal neamde harren band Majesty, op foardracht fan Mike Portnoy en ynspirearre troch syn omskriuwing fan it ôfslutende stik Bastille Day fan Rush. Hja ferlieten de skoalle om har oan har band te wijen.

Yn novimber 1986, nei in oantal moannen tegearre nûmers skreaun en gearspile te hawwen, ferliet Chris Collins de band. Nei in jier waard de âldere en mear betûfte Charlie Dominici as sjonger fûn.

Koart neidat de earste demo's fan de band útkaam wiene, waarden se twongen ta in nammeferoaring. In oare band wie al bekend ûnder de namme Majesty en dy drige mei gerjochtlike stappen. Ferskate alternativen passearren de revu, oant Portnoys heit de namme Dream Theater oandroech. Heit Howard Portnoy ûntliende de namme oan in bioskoop yn Kalifornje, neamd The Dream Theater. Yn 1989 brocht de band syn debútalbum út When Dream and Day Unite. De promoasjetoernee bestie mar út fiif konserten. Nei fjouwer optredens waard sjonger Dominici ûntslein fanwege persoanlike en kreative mieningsferskillen. Syn ferfanger waard fûn yn de Kanadeeske sjonger Kevin James LaBrie, earder fan Winter Rose. Yn 1992 kaam it earste album mei de nije sjonger Images and Words út.

Yn in ynterview yn juny 2010, makke sjonger James Labrie bekend dat de band in skoft yn laskjen soe oant jannewaris, en dêrnei begjinne soe oan de opnamen fan in nij album. Septimber 2010 makke drummer Mike Portnoy bekend dat hy de band ferlitte soe. Mike Mangini earder fan Annihilator waard syn ferfanger.

Logo en Byldmerk

bewurkje seksje
 
Op de eftergrûn it Majestysymboal
 
Logo fan Dream Theater

Betiid yn harren bestean hie Dream Theater al in eigen byldmerk, bekend as it Majestysymboal, en lettertype dat op it measte fan harren promosjoneel materiaal brûkt is. Sels neidat de band de namme Majesty falle litte moast, is it dochs harren offisjele hannelsmerk bleaun.

It Majestysymboal komt fan it teken fan Marije I fan Skotlân. It is bewurke troch Charlie Dominici foar de albumhoes fan When Dream and Day Unite.

It net dúdlik foarkommen fan it logo op de albumhoes fan Falling Into Infinity en it net foarkommen op de albumhoes fan Once yn a LIVEtime waard troch guon fans ynterpretearre as befêstiging dat Dream Theater harren progressive woartels oan it kwytreitsjen wie. Dizze twa albumhoezen binne lykwols ûntwurpen troch Storm Thorgeson, en dizze keunstner woe net wurkje mei lettertypen dy 't troch oaren makke binne. Op Scenes From a Memory wie it byldmerk wer oanwêzich en sûnt dy tiid hat it in plak krigen op elk album.

Studio-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op Label Single(s)
When Dream and Day Unite 6 maart 1989 Mechanic
Images and Words 7 july 1992 Atco Pull Me Under,
Another Day
Awake 4 oktober 1994 East West Lie,
The Silent Man
Falling into Infinity 23 septimber 1997 Hollow Years
Metropolis Pt. 2:
Scenes from a Memory
26 oktober 1999 Elektra Through Her Eyes
Six Degrees of Inner Turbulence 29 jannewaris 2002
Train of Thought 11 novimber 2003
Octavarium 7 juny 2005 Atlantic
Systematic Chaos 4 juny 2007 Roadrunner Constant Motion,
Forsaken
Black Clouds & Silver Linings 23 juny 2009 A Rite of Passage,
Wither
A Dramatic Turn of Events 13 septimber 2011 On the Backs of Angels,
Build Me Up, Break Me Down
Dream Theater 24 septimber 2013 The Enemy Inside,
,Along for the Ride,
The Looking Glass
The Astonishing 29 jannewaris 2016 The Gift of Music,
Moment of Betrayal,
Our New World (ft. Lzzy Hale)
Distance over Time 22 febrewaris 2019 Inside Out Music Untethered Angel,
Fall into the Light,
Paralyzed,
Barstool Warrior,
At Wit's End
A View from the Top of the World 22 oktober 2021 The Alien,
Invisible Monster,
Awaken the Master
Parasomnia 2025
Album Utbrocht op Label
Live at the Marquee 4 septimber 1993 Atco
Once in a LIVEtime 27 oktober 1998 Elektra
Live Scenes from New York 11 septimber 2001
Live at Budokan 5 oktober 2004 Atlantic
Score 29 augustus 2006 Rhino
Chaos in Motion: 2007–2008 30 septimber 2008 Roadrunner
Live at Luna Park 5 novimber 2013 Eagle Rock
Breaking the Fourth Wall 29 septimber 2014 Roadrunner
Distant Memories 27 novimber 2020 Sony

Kompilaasje-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op
Greatest Hit
(...And 21 Other Pretty Cool Songs)
1 april 2008

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: