Apocalyptica
Apocalyptica is in Finske metalband yn 1993 oprjochte yn Helsinki. De band brocht yn 1996 syn debútalbum Plays Metallica by Four Cellos út. Apocalyptika is begûn mei fjouwer sello's – dêr 't no noch trije fan oer binne. Apocalyptica hat njoggen studio-albums en fiif live-albums útbrocht.
Apocalyptica | ||
band | ||
Apocalyptica yn 2017 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Finsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1993 - No | |
âld-leden | Max Lilja sello (1993–2002) Antero Manninen sello (1993–1999) | |
leden | ||
Sello | Eicca Toppinen | |
Sello | Paavo Lötjönen | |
Sello | Perttu Kivilaakso | |
Drums | Mikko Sirén |
Skiednis
bewurkje seksjeYn earste ynstânsje spilen se benammen foar de lol covers fan Metallica. Nei harren suksesfolle earste album Plays Metallica by four sellos folge gau in twadde album: Inquisition symphony. Op dit album spylje se neist covers fan Metallica ek covers fan Sepultura, Slayer, Pantera en Faith No More. De band joech op dit album ek in yntree oan harren eigen wurk. Yn 1999 ferliet Antero Manninen de band en folle Perttu Kivilaakso syn plak op. It jier dêrnei kaam harren tredde album út: Cult. Dêr 't it twadde album ophold mei allinnich twa eigen nûmers, gie it tredde album fierder. Yn 2002 gie Max Lilja fuort en bleau de band noch út trije sellisten bestean.
By it meitsjen fan it fjirde album Reflections hawwe se in soad artysten frege foar in gastbydrage, ûnder oare de Dútske punk-diva Nina Hagen, fierder Linda Sunblad en drummer Dave Lombardo fan Slayer. Omdat se Lombardo net as fêste drummer hâlde koene foar it toeren, ferfolle Mikko Sirén dy posysje. Ek op de albums dy ’t folgen steane in soad gastbydragen.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Plays Metallica by Four Cellos | 3 oktober 1996 | Mercury | |
Inquisition Symphony | 22 septimber 1999 | Nothing Else Matters (Metallica cover), Harmageddon | |
Cult | 28 april 2000 | "Path Vol.2 (ft. Sandra Nasić), Hope Vol.2" (ft. Matthias Sayer) | |
Reflections | 2 oktober 2003 | Universal | Faraway Vol.2 (ft. Linda Sundblad), Seemann (ft. Nina Hagen) (Rammstein cover) |
Apocalyptica | 24 jannewaris 2005 | Bittersweet (ft. Ville Valo & Lauri Ylönen), Quutamo/Wie Weit/How Far/En Vie (ft. Marta Jandová & Manu), Life Burns! (ft. Lauri Ylönen) | |
Worlds Collide | 15 april 2008 | Sony | I'm Not Jesus (ft. Corey Taylor), S.O.S. (Anything But Love) (ft. Cristina Scabbia), I Don't Care (ft. Adam Gontier) |
7th Symphony | 24 augustus 2010 | End of Me (ft. Gavin Rossdale), Broken Pieces (ft. Lacey Sturm), Not Strong Enough (ft. Brent Smith) | |
Shadowmaker | 20 oktober 2015 | Eleven Seven | Shadowmaker, Cold Blood |
Cell-0 | 10 jannewaris 2020 | Silver Lining | Ashes of the Modern World, Rise, En Route to Mayhem, Cell-0 |
Plays Metallica Vol. 2 | 2024 |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Live | 30 july 2001 | Island |
En vivo desde el auditorio nacional | 2006 | Universal |
The Life Burns Tour | 26 juny 2006 | Sony |
Wagner Reloaded - Live in Leipzig | 18 novimber 2013 | |
Plays Metallica by Four Cellos - A Live Performance |
7 desimber 2018 | Harmageddon |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op |
---|---|
Best of Apocalyptica | 21 septimber 2002 |
Amplified - A Decade of Reinventing the Cello | 30 maaie 2006 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |