Gwar
Gwar faak yn haadletters stilearre as GWAR, in Amerikaanske trashmetalband. GWAR waard yn 1984 yn Richmond oprjochte, mei in faaks wikseljende line-up fan muzikanten. De band stiet bekend om harren grouwélige en skokkende, mar faaks ek hilaryske teksten. De band brocht yn 1988 syn debútalbum Hell-O út.
Gwar | ||
band | ||
GWAR yn 2004 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1984 - No | |
label(s) | Shimmy Disc, Master, Metal Blade, DRT , Pit | |
webside | gwar.net | |
leden | ||
Sang | Blöthar | |
Gitaar | Pustulus Maximus | |
Gitaar | BalSac, the Jaws of Death | |
Bas | Beefcake the Mighty | |
Drums | Jizmak Da Gusha |
Skiednis
bewurkje seksjeGWAR ûntstie yn 1984 doe 't Dave Brockie, sjonger fan de punkband Death Piggy, twa studinten fan de Virginia Commonwealth University tsjinkaam. Dizze twa, Hunter Jackson en Chuck Varga, hiene in produksjebedriuwke opset wêrmei 't se in film meitsje woene. Dizze soe Scumdogs Of The Universe hjitte. De trije besleaten om gear te wurkjen. Sa út en troch trede Death Piggy op mei de kostúms dy 't Hunter en Chuck foar harren filmprojekt makke hiene. Se treden dan op ûnder de namme "Gwaaarrrgghhlllgh". Dit waard letter ynkoarte ta GWAR. Der wurdt faak te ûnrjochte tocht dat it in ôfkoarting wêze soe fan "God! What an Aweful Racket".
Op 3 novimber 2011 ferstoar gitarist Cory Smoot op 34 jierrige leeftiid. Smoot wie better bekend ûnder it pseudonym Flattus Maximus. Yn maart 2014 ferstoar David Brockie op 50 jierrige leeftiid, oan in oerdoasis heroïne.
By de GWAR-B-Q 2014, it jierliks weromkommende eigen festival fan de band, waard de opfolger fan Dave Brockie presintearre. Michael Bishop, dy 't earder yn de jierren 80 en 90 al lid fan de band wie as basgitarist, soe de nije frontsjonger wurde yn de rol fan Blöthar.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Hell-O | 11 septimber 1988 | Metal Blade | |
Scumdogs of the Universe | 8 jannewaris 1990 | ||
America Must Be Destroyed | 31 maart 1992 | The Road Behind | |
This Toilet Earth | 29 maart 1994 | ||
Ragnarök | 24 oktober 1995 | ||
Carnival of Chaos | 25 maart 1997 | ||
We Kill Everything | 6 april 1999 | ||
Violence Has Arrived | 6 novimber 2001 | ||
War Party | 26 oktober 2004 | DRT | |
Beyond Hell | 29 augustus 2006 | ||
Lust in Space | 18 augustus 2009 | Metal Blade | |
Bloody Pit of Horror | 9 novimber 2010 | ||
Battle Maximus | 17 septimber 2013 | ||
The Blood of Gods | 20 oktober 2017 | ||
The New Dark Ages | 3 juny 2022 | Pit |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
You're All Worthless And Weak | 9 april 2002 | Slave Pit Inc. |
Live from Mt. Fuji | 31 maaie 2005 | DRT |
Scumdogs XXX Live | 10 septimber 2021 | Slave Pit Inc. |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op |
---|---|
A Soundtrack to Kill Yourself To | 1997 |
Slaves Going Single | 2000 |
Let There Be Gwar | maaie 2004 |