Janpier Brands (De Gordyk, 1967) is in direkteur yn de kultuersektor. Hy wie jierrenlang twadde man fan de Akademy foar Popkultuer en letter direkteur fan it Ljouwerter popsintrum Neushoorn. [1]

Brands groeide op yn De Gordyk en gie nei skoalle yn Drachten. Nei syn stúdzje yn Ljouwert wenne er in skoft yn Grins dêr’t er wurke foar it poadium Simplon en it jierlikse festival Noorderslag. Yn Grins spile er bas by Meindert Talma en yn in soad oare bandsjes. Dêrneist wie er kultuerskout en beliedsadviseur fan kultuerynstellingen en oerheden. [2]

Mei it ferdwinen fan de keunstakademy en it konservatoarium út Ljouwert, troch it ‘heare-akkoard’ fan Wiegel en Vonhoff yn 1989, rûn it kulturele libben yn Ljouwert werom. In nije oplieding foar popkultuer soe de dynamyk yn de stêd werombringe moatte. Brands waard yn 2003 ien fan de oprjochters fan de hbû-oplieding Minerva Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert. Hy soe achttjin jier yn Ljouwert bliuwe, de lêste twa jier as mei-oprjochter fan it poppoadium Neushoorn.

Yn 2017 waard Brands direkteur fan poadium- en produksjehûs WORM yn Rotterdam. WORM is in stifting foar eksperimintele, avant-garde- en undergroundkeunst, benammen muzyk en film. Binnen in jier waard Brands ûnderskieden mei it 'IJzeren Podiumdier' foar it bêste poppoadium yn Nederlân. Op 1 novimber 2022 waard er út namme fan Codarts en de Willem de Kooning Akademy meidogger oan de Bauhaus Cultuur&Campus op Rotterdam Súd.[3]

Yn 2015 wûn Janpier Brands de Fryske Poppriis.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Janpier Brands wint Popprijs, Ljouwerter Krante, 13 desimber 2015
  2. Janpier Brands wordt directeur nieuw poppodium, www.vnpf.nl, 12 oktober 2014
  3. JANPIER BRANDS VERLAAT WORM