Jah Sound International

Nederlânsk sound system op Jamaikaankske grûnsslach

Jah Sound International wie in Nederlânsk sound system op Jamaikaankske grûnsslach. In sound system is in mobyl lûdssysteem besteande út in kollektyf fan gearwurkjende dj's en artysten. Draaitafels, in aggregaat, in mingpaniel, fersterkers en mânske lûdsprekkers binne de basis foar in sound system.

Oant 1989 hiene discjockeys Willy Velberg en syn maat Erwin Feitsma disko- en reggaeplaatsjes draaid. Yn 1989 begûnen se mei in reggae-sound system, in soarte Jamaikaanske drive-in show mei sjongers en toasters. Se presintearren de shows ûnder de artystenammen Glamma Willy en Heartical Wise. Yn 1999 waard it Dútske crewlid Hazi ferfongen troch dj/mc Baldah, artystenamme fan Balder Massing út Aldeleie.

Yn 1998 wûn Jah Sound de Europeeske soundsystemwedstryd en yn 2001 de Nederlânske kampioenskippen foar Sound Systems. Yn 2001 wûn Jah Sound de seisde Fryske Poppriis.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rûge gids van de Friese popmuziek, side 120-121, Stichting Friesland Pop 2007 ISBN 978 330 06456