Stichting Friesland Pop

Stichting Friesland Pop set him sûnt 1987 yn foar ferbettering fan it Fryske popklimaat. De stichting ûnderhâldt en ûntwikkelt de Fryske pop-ynfrastruktuer, organisearret provinsjaal oerkoepeljende evenemienten lykas de Lytse Priis fan Fryslân en it Freezefestival en ynformearret artysten en lokale oerheden en hâldt it provinsjale popargyf by.

Der wurdt ynformaasje jûn oan oerheden, artysten op it mêd fan beliedsfoarming, fasiliteiten en wurde nije inisjativen stipe. It platfoarm steunt it Fries Popnet en de FPPM-matchingregeling.

Friesland Pop hat yn 2009 it Fries Productiehuis Popcultuur mei opsetten, mei as doelstelling om Frysk poptalint de middels te ferskaffen lanlik troch te brekken (ûnder mear mei it Freesonica-projekt).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: