Serious Record
Serious Record wie it besykjen om wrâldrekôr te fêstigjen fan it langste muzikale optreden ea.
It âlde rekôr fan in Amerikaanske bar stie op 360 oeren. Fryske muzikanten spilen yn desimber 2013 twa wiken lang dei en nacht non-stop live efter elkoar op ferskate poadia. Mei 364 oeren yn totaal waard it âlde rekôr mei fjouwer oeren ferbettere.[1] De finansjele opbringst fan € 17.500 gie nei Serious Request. [2]
De aksje waard mooglik makke troch in belangeleaze gearwurking tusken D’drive, Poadium Asteriks en Poppoadium. [3]
Priis
bewurkje seksjeSerious Record wûn mei dizze promoasje fan de popmuzyk de Fryske Poppriis fan 2014.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|