Esther de Jong
Esther de Jong (Dokkum, 1994) is in sjongeres en lietsjeskriuwster út Dokkum.
Esther de Jong | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Esther de Jong | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1994 | |
berteplak | Dokkum | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | popmuzyk | |
sjongtaal | Nederlânsk | |
jierren aktyf | sûnt 2015 | |
prizen | Fryske Poppriis 2019 | |
offisjele webside | ||
https://www.estherdjd.nl |
Neidat se yn 2015 ôfstudearre wie oan de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert spile se yn bandsjes as O, Kutjes en Hilbrandt. Se wie te sjen op Oerol, Noorderzon, Freeze Festival, Explore the North en Eurosonic.
Yn 2018 wie se te hearren op it album 'In transit', in hommaazje oan Louis Couperus. Se waard dêrby begelaat troch 'De Kik'. Yn 2018 joech se in konsert yn de menniste tsjerke fan Dokkum as ûnderdiel fan 'Helden van Hjir' ûnder rezjy fan Kulturele haadstêd 2018. Oant 2019 trede se solo op. De bandleden dy’t har sûnt 2019 ûndersteune binne Daan van Beijeren (toetsen en sang), Jochem Knoef (drums) en Esker van de Werken (snaren, toetsen en sang). Wende en Robert Long hearre ta har muzikale favoriten. [1] Se neamt har muzyk ‘Deiboekmuzyk’, omdat se dingen op muzyk set dy’t se yn it deistige libben meimakket. Meastentiids binne it libbenssaken dy’t drôvich binne en djip lizze.
Esther is in dochter fan de Dokkumer organist Joop de Jong.[2]
Fryske Poppriis
bewurkje seksjeYn 2019 wûn se as muzikale tûzenpoat de Fryske Poppriis. [3] De sjuery neamde neist har nije platekontrakt ek har fermogen om 'in soad dwersferbannen oan te snijen' en har autentisiteit.
Diskografy
bewurkje seksje- Singles
- Meters diep (Excelsior Recordings, 2019)
- Haas (ER, 2019)
- Vitrine (ER, 2019)
- Dwalen (ER, 2019)
- EP
- Van mij (Excelsior Recordings, 2020)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|