Luie Hond wie fan 1997 oant 2007 in Fryske band dy’t reggae kombinearre mei ska en rockmuzyk. Harren lanlike bekendheid begûn doe’t se ûntdutsen waarden troch Ilse DeLange en yn har foarprogramma stiene.

Luie Hond
band
Luie Hond by in optreden yn 2006
Luie Hond by in optreden yn 2006
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk, Nederlânsk
sjenre reggae, ska
bestean 1997-2004

De band hat bekende festivals as Lowlands en Noorderslag oandien en brocht troch de jierren hinne inkele singles út, wêrnei’t yn 2004 it debútalbum Hier Is... útkaam, mei twa dêrby hearrende fideoklips. Troch de parse waard al tiden skreaun dat der foar dizze band in lanlik súkses weilein wie, mar dochs is it mainstreamsúkses der net fan komd. Dochs like der in begjin fan súkses te kommen, want in twadde album - Met Liefde - kaam al yn de simmer fan 2006. Dit album krige in wat eksplisiter lûd as it debútalbum, wêrby de neidruk benammen op reggae kaam te lizzen.

De band sleat yn 2006 kontrakten mei platemaatskippij PIAS en boekingskantoar Agents After All. Yn de mande woene dizze trije partijen soargje dat Luie Hond in 2006 definityf trochbrekke soe, en der wiene serieuze plannen: fan de CD waarden bygelyks trije singles nomd, mei trije fideoklips. Der waard ek wat kritysker sjoen nei de ynhâld fan it album: de band hie sels bepaalde nûmers bewust net op it album setten omdat se der efterôf net tefreden oer wiene.

Op Met Liefde stiet it nûmer Poes In De Playboy dêr ‘t De Jeugd van Tegenwoordig as gastmuzikant op te beharkjen wie. De fideoklip hjirfan waard útroppen ta TMF Superclip. It hie der alle skyn fan dat Luie Hond yn 2006 definityf trochbrekke soe by in grutter publyk, en dêrom mochten se trije konserten jaan op Lowlands. It gie ek aardich goed, mar dochs net lykas ferwachte wie. Yn oktober 2007 kundige Luie Hond har ein oan troch gebrek oan jild en motivaasje.

Bandleden bewurkje seksje

Diskografy bewurkje seksje

  • Albums:
    • Liever Live Dan Moe, 1999; livealbum, eigen behear
    • Hier Is..., 2004; AG-Music
    • Met Liefde, 21 augustus 2006; PIAS
  • Singles:
    • Voedoe, 2000; eigen behear
    • Alles Wat Ik Wil, 2000; eigen behear
    • Jaloezie, 2001; eigen behear
    • Jaloezie, 2001; BMG
    • Voedoe, 2002; BMG
    • Zwart Meisje, 2003; AG-Music
    • Nummertje, 2004; AG-Music
    • Bons Gekregen, 2004; AG-Music
    • Poes In De Playboy, 21 july 2006; PIAS, mei De Jeugd van Tegenwoordig
    • Beter Af, 13 novimber 2006; PIAS
    • Danshal Koningin, 2007; PIAS
    • Recht Je Rug, 2007; PIAS

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: