Andries van Wieren
Andries van Wieren is in eardere drummer fan de Fryske reggaeband Luie Hond en it Amerikaanske Sister Sledge. Luie Hond kombinearre de reggae mei ska en rock, oant de band ein 2007 stoppe troch motivaaasjegebrek. Dêrnei hat Van Wieren him rjochte op artystemanagement.
Andries van Wieren | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andries van Wieren | |
wurkpaad | ||
ynstrumint | drum |
Biografy
bewurkje seksjeYn 1996 studearre Van Wieren ôf oan it Prins Claus Conservatorium yn Grins as lesjaand musikus lichte muzyk Drums (cum laude), dêr’t hy yn 1997 cum laude syn útfierend musikusdiploma helle. Yn 1998 rjochte hy de drumskoalle Drumschool Dokkum op. Van Wieren toerde fan 2000 - 2003 mei Sister Sledge troch Europa, Súd-Amearika en de Feriene Steaten. Dêrnei waard hy drummer fan reggaeformaasje Luie Hond, dy’t al gau tekene by it label Sony BMG. Dêrneist spile hy mei ferskate artysten lykas Kool and the Gang, Debbie Sledge, Time Bandits, Bonnie St. Claire en de Friese trûbadoer Piter Wilkens.
Neist syn funksje as drummer by Luie Hond rjochte Van Wieren him ek op it management fan dizze groep. Dat die hy ûnder de bedriuwsnamme '3S Music', in namme dy’t yn 2015 omdoopt waard ta '3S Music Management'. Wyls hat it bedriuw trije festigingen te witten Amsterdam, De Falom en Boedapest. Bekende artysten út it 3S Music Management portfolio binne de Amsterdam Klezmer Band, MakeBelieve, Daily Bread, Dope D.O.D., My Baby, Jungle By Night en Michelle David and the Gospel Sessions. Ek is Van Wieren as Lecturer Music Management ferbûn oan NHL Stenden Hegeskoalle en de oplieding Pop en Media (D'Drive) fan it Friesland College yn Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |