Goudûle
De goudûle (Latynske namme: Tyto alba) is tige algemien en komt op alle kontininten útsein Antarctica foar. It is in 35 sm grutte, ljochtkleurige fûgel mei lange skonken en wjukken.
goudûle | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tyto alba | ||||||||||||
Scopoli, 1769 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding fan 'e goudûle ynkl. de Amerikaanske goudûle T. furcata) en de eastlike goudûle (T. javanica), dy't soms as aparte soarten sjoen wurde. |
Oare nammen
bewurkje seksjeYn it Frysk wurdt de goudûle ek wol tsjerkûle neamd, oerienkommende mei it Nederlânske kerkuil. De Noard-Fryske namme is Türnüül.
Iten
bewurkje seksjeDe goudûle giet nachts te jeien. Hy fleant oer de fjilden krekt boppe de grûn. Sa jaget er foaral op mûzen. It tal jongen dat in pearke yn in jier grutbringt hinget foaral ôf fan it tal mûzen dat der te fangen is. De Goudûle bliuwt it hiele jier op itselde stee. Mei in dikke laach snie dy't in skoft lizzen bliuwt komme de ûlen fuort yn de problemen om oan harren iten te kommen.
Fuortplanting
bewurkje seksjeGoudûlen hawwe meastentiids har nêst yn in boerepleats. De fryske boerepleatsen hawwe fanâlds ek meast in ûleboerd mei in yngong foar de ûlen nei de skuorre. It wyfke bried yn 30-34 dagen op de 4-7 aaien. Omdat it wyfke fuort by it earste aai begjint te brieden is der in grut ferskil yn grutte fan de jongen. It âldste jong is in stik grutter as de jongste. Yn goeie mûzejierren kinne de ûlen ek noch wol oan in twadde lechsel begjinne.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe goudûle "stricto sensu", d.w.s. sûnder de ôfsplitse Amerikaanske goudûle (T. furcata) en Easterske goudûle (T. javanica), hat 10 ûndersoarten, dy 't yn Jeropa, it Midden-Easten en Afrika fuorkomme. Yn Nederlân is de goudûle (undersoarte T. a. alba) in standfûgel mei jierliks 1500-3000 briedpearen. Yn Fryslân hawwe wy jierliks sa'n 200-350 briedpearen. De goudûle jildt yn Nederlân as net bedrige.
-
De plasse fan in goudûle.
-
Goudûle-aai.