BUOG (Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen) is in buro dat teäterkonsepten makket. It bedriuw sit oan de Harnzer Trekwei yn Ljouwert.

BUOG waard oprjochte yn 2002 troch Pieter Stellingwerf en Kees Botman. Se betochten en produsearren dat jier de iepenings- en slotfoarstelling foar 'Friesland Vaart'. Op in grut bestrate driuwend plein mei in 40 meter hege skoarstien farde it njoggen dagen lâns de yndustriële farrûte fan Fryslân yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It betsjutte tagelyk de start fan harren bedriuw. Mei hieltiten wikseljende teams fan muzikale en teatrale profesjonals en by elke gelegenheid mei in soad frijwilligers, makke en betinkt BUOG sûnttiid 'ûngewoane barrens'.

Op freed 30 maart 2018 iepenen de Afûk mei BUOG de Taletún en Talepaviljoen MeM – Livingroom of Languages yn de Prinsetún yn Ljouwert. De Taletún en Talepaviljoen MeM binne ûnderdielen fan Lân fan Taal, ien fan de haadprogramma’s fan LF2018.[1] Yn maaie 2019 komt BUOG mei in muzyk- en teaterfoarstelling 'Jumping Jack', neamd nei de bynamme fan motorrider Jack Middelburg. De foarstelling mei live muzyk, stunts, profesjonele cast, dûns en amateurs út Assen sil opfierd wurde op it motorsirky yn Assen.

Fryske Anjer bewurkje seksje

Yn novimber 2016 krige BUOG de Fryske Anjer útrikt: de oeuvre priis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns. BUOG krige de priis foar harren ûnferwachte, fernijendende teaterproduksjes en it lizzen bysûndere ferbinings tusken profesjonals en amateurs op it mêd fan kultuer. De foarsitter fan it fûns, Kommissaris fan de Kening Joan Leemhuis, rikte de Fryske Anjer op 30 novimber yn Ljouwert út.

Foarstellings (karút) bewurkje seksje

  • Lân fan Taal (2018)
  • Berend Botje retour (2017)[2]
  • Wie wind zaait (2016) [3]
  • Krang (2015)
  • Operatie Grensland (2014)
  • Fryslan Wûnderlân (2013), oer it ferkwânseljen fan Fryslân.
  • Dodo Paad (2012)
  • Tetman State (2011)
  • Ferkiezingstour (2010)
  • Circus MOUWW (2009)
  • Slachtemaraton (2008)
  • R-Varium (2007)
  • Wintermearke (2006)
  • Het Ruige Paradijs (2005)
  • Rozen en rottigheid (2004)
  • Friesland Vaart (2002)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: