Lân fan Taal (de offisjele namme is Frysktalich) wie in grutskalich opset projekt yn it ramt fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018, dat hielendal wijd wie oan it ferskynsel taal en alles dat dêrmei te krijen hat. It fûn plak fan 3 febrewaris oant en mei 31 desimber 2018 en bestie út in breed skala oan eveneminten dy't foar it meastepart yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert holden waarden, yn 'e Prinsetún en op en om it Aldehouster Tsjerkhôf: yn Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en it eigen besikerssintrum Obe, dat spesjaal foar Lân fan Taal oan 'e eastlike kant fan it Aldehouster Tsjerkhôf ferriisde.

Lân fan Taal
It driuwend paviljoen Liwwadders yn 'e Prinsetún, dêr't alles draait om Ljouwert en syn bewenners.
It driuwend paviljoen Liwwadders yn 'e Prinsetún, dêr't alles draait om Ljouwert en syn bewenners.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn Prinsetún en
   Aldehouster Tsjerkhôf
datum 3 feb. o/m 31 des. 2018
bysûnderheden
oanlieding LF 2018
soarte evenemint kultureel
org. troch LF 2018
offisjele webside
www.friesland.nl/.../lan-fan-taal
  • As Taal Gjin Feestje Is
Sympoasium wêrby't stilstien waard by taalûntwikkelingssteurings, mei foarstellings foar bern mei en sûnder sokke oandwanings en mei lêzings en in Alderkafee foar folwoeksenen. Dêrnjonken waard ek de 60e Wrâlddôvedei fierd en wie der it MuteSounds-feest en in miny-filmfestival yn Slieker Film.
  • DNALWD2018
Ynteraktyf keunstwurk te sjen yn it Burmaniahûs, it gemeentehûs fan Ljouwert, besteande út tûzenen reägearbuiskes dy't yn 'e jierren foarôfgeande oan LF 2018 folle wiene mei ferhalen troch ynwenners en besikers fan Ljouwert.
  • Ferhalefjoer
In provinsjebreed skoalprojekt, wêrby't alle basisskoallen yn Fryslân it boek Verdwalen in Verhalen tastjoerd krigen. Dêrmei koene skoalbern ferhalen yn alle talen fan 'e wrâld sammelje foar in eigen ferhalejûn.
  • Fertelfestival
Folút: Fertelfestival Ekspedysje It Amelân – A Storytelling Adventure. In festival, holden op 26 en 27 maaie op It Amelân, om it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Durks Kat hinne.
It grut diktee yn 'e Fryske taal, wêrfan't de tekst yn 2018 skreaun waard troch Welmoed Sijtsma, nijslêzeresse fan it Jeugdjournaal, holden op 21 juny yn 'e iepen loft op it Aldehouster Tsjerkhôf.
  • Karawane
In skoalfoarstelling fan it Fryske toanielselskip Tryater.
  • Keunstynstallaasje Tim Etchells
In tentoanstelling fan romtefoljende keunst fan 'e Britske keunstner Tim Etchells yn it talepaviljoen Obe op it Aldehouster Tsjerkhôf.
  • Lanlike Manifestaasje Poetry Circle
Yn 'e fiif Nederlânske Poetry Circle-stêden, wêrûnder Ljouwert, kamen eltse wike jonge skriuwers gear om faninoar te learen en nei spoken word-performers te harkjen. Op 7 july wie it hichtepunt fan dit evenemint, doe't alle fiif Poetry Circles gearkamen foar De Manifestaasje yn Neushoorn te Ljouwert.
  • Liet XXL
Edysje fan 2018 fan it Fryske muzykfestival en talintejacht Liet, holden op 23 maaie.
  • Matthäus Passion
Frysktalige ferzje fan 'e Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach, mei foarstellings yn Ljouwert, Dokkum, Harns, Drachten, Grins en Snits.
  • Obe
Ferskate útstallings yn it talepaviljoen Obe op it Aldehouster Tsjerkhôf.
  • Projeksjes op 'e Aldehou
Fideokeunstwurken fertoand op 'e eastmuorre fan 'e Aldehou, eltse tongersdei-, freed-, sneon- en sneintejûn fergees te besjen. Yn 'e premiêrewykeinen fan 'e projekjes organisearren Lân fan Taal en Explore the North saneamde minyfestivals by de projeksje dy't op dat stuit te sjen wie.
  • Sjong
It muzykfestival Sjong.
 
Lân fan Taal docht Harns oan ûnder de Tall Ships' Races 2018.
  • Sprekboatefestival
Poëzij foardroegen op preamen dy't troch de Ljouwerter grêften fearen, operearjend fan 'e Prinsetún út.
  • Ssst... Hjir Flústeret de Tiid
Presintaasje fan taal en poëzij yn Tresoar, mei bewegende poëzijmasines, LED-keunst, films en drukwurken. Foar bern wie der in speurtocht opset. En by it Histoarysk Reisburo koe men jins Fryske woartels ûntdekke.
  • Stimmen fan Fryslân
App ûntwikkele troch de Ryksuniversiteit Grins, wêrmei't Frysktaligen it komôf fan harren taal trasearje koene. Byhearrende populêrwittenskiplike lêzings waarden holden yn it talepaviljoen Obe, op it Aldehouster Tsjerkhôf.
Ek op it Noardlik Film Festival kaam it ferskynsel taal oan bod, û.m. mei in manifestaasje oer it gebrûk fan minderheids- en streektalen yn Nederlânske films oan 'e hân fan histoaryske fragminten. Dêrby waard live [

optreden troch dichters en keunstners. Bern koene sels stop-motionfilmkes oer taal meitsje.

  • Taalkaravaan
Reizgjende útstalling oer it ferskynsel taal dy't troch Fryslân teach, en dêrby û.m. oanheakke by Simmerdeis yn Drachten, it Oranjewâld Festival op It Oranjewâld, Oerol op Skylge, de Tall Ships' Races 2018 yn Harns en de Admiraliteitsdagen yn Dokkum.
  • Taaltoer
Rûnlieding troch Ljouwert mei as tema it ferskynsel taal.
  • Taletún
Manifestaasje oangeande it ferskynsel taal yn 'e Prinsetún, mei twa tydlike paviljoenen: MeM Livingroom of Languages, dêr't eltse wike in oare taal of minderheidstaal sintraal stie, en it driuwend paviljoen Liwwadders, dêr't alles draaide om 'e identiteit fan 'e stêd Ljouwert en syn bewenners. Ek waarden yn 'e Prinsetún "Deropút mei Heit en Mem"-sneonen fersoarge foar 'jonge taalûntdekkers', mei taalworkshops foar bern en optredens.
  • The Sea! The Sea!
Poëzij oer en op it mêd fan 'e see, yn 'e foarm fan foardrachten mank it publyk by de finish fan 'e Tall Ships' Races 2018 yn Harns, de Admiraliteitsdagen yn Dokkum en ûnder Oerol op Skylge. (De namme fan dit projekt ferwiist nei De Tsientûzen, dy't, doe't hja einlings de see wer berikten, útrôpen: Thalassos! Thalassos! – "De See! De See!".)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Lân fan Taal, yn: Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa: Programmakrant 8 mei – 6 september, 8 maaie 2018, s. 15.
  • ――, Lân fan Taal, yn: Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa: Programmakrant 5 september – 31 december, 5 septimber 2018, s. 15.