Admiraliteitsdagen
De Admiraliteitsdagen binne in festival dat elts jier yn 'e earste helte fan 'e moanne septimber holden wurdt yn 'e Fryske stêd Dokkum.[1] De namme fan it barren ferwiisd nei de Admiraliteit fan Fryslân, dy't oarspronklik yn Dokkum fêstige wie, mar letter, doe't de stêd troch it tichtslibjen fan it Dokkumer Djip fan 'e Lauwerssee ôf mar skraachoan mear te berikken wie, ferpleatst waard nei Harns. De Admiraliteitsdagen waarden foar de earste kear holden yn 2010.[2] Yn acht jier tiid groeide it evenemint hûndert kear sa grut.[3]
Admiraliteitsdagen | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Dokkum | |
holden yn | binnenstêd | |
tiid fan it jier | 1e helte fan septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | festival | |
bestean | 2010 – no | |
offisjele webside | ||
www.admiraliteitsdagen.nl |
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Admiraliteitsdagen duorje fjouwer dagen (fan tongersdei oant en mei snein), en fine plak yn 'e Dokkumer binnenstêd. Dêr kin it publyk taskôgje by in breed skala oan eveneminten dy't allegear in tema hawwe dat mei wetter, de see of skipfeart te krijen hat. Sa wurde der yn 'e greften demonstraasjes organisearre fan brânwacht, plysje te wetter en marine, en teffens binne der stuntshows fan profesjonele jetskyriders. Der is ek in swimwedstryd troch de greften, dy't de Nautyske Myl fan Dokkum hjit, en it is mooglik om in rûnfeart troch de stêd te meitsjen mei in histoarysk lûkskip of in pream.[1]
By it Easterbolwurk wurde sportwedstriden holden foar û.m. kanofarders en peddelsurfers, en dêr wurde ek spullen foar bern yn grutte wetterballen organisearre. Fierders is der in protte teäter (benammen strjitteäter), muzyk en iterij. De freed- en sneontejûns binne der ornaris optredens fan lanlik bekende muzikanten op it haadpoadium dat boppe it wetter fan 'e Dokkumer greften makke is. Sa wiene yn 2017 Nielson, Jeroen van der Boom en Miss Montreal te sjen, en yn 2018 André Hazes jr., Waylon en rapper Kraantje Pappie. Under de Admiraliteitsdagen kinne tradisjoneel ek âlde skippen besichtige wurde dy't yn 'e histoaryske binnenstêd ôfankere binne, mei dêrûnder skûtsjes, kotters, tsjalken en sleepboaten.[1]
Groei
bewurkje seksjeBy de earste edysje, yn 2010, hie de organisaasje fan 'e Admiraliteitsdagen in budget fan net mear as €5.000. De njoggende edysje fan it evenemint, yn 2018, hie in budget dat hûndert kear sa grut wie: €500.000. Dat net inkeld it budget mar ek it tal besikers elts jier oanwoeks, waard yn 2017 pynlik dúdlik doe't de organisaasje op in stuit de minsken by de râne fan 'e Dokkumer binnenstêd heine en keare moast, om't it te fol wie. "Dat klinkt stoer," sei foarsitter Michiel van der Gang yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante, "mar dat wolst net. Wolst alle besikers bergje kinne."[3] Yn 2018 wiene der sadwaande foar it earst trije poadia (sadat de besikers mear oer de binnenstêd spraat waarden), wylst it evenemint it yn eardere jierren mei 'oardel' poadium dwaan moast. Troch de opstelling fan 'e poadia op De Syl, de Merk en yn 'e Breedstrjitte koe it publyk yn 2018 in rûntsje troch de binnenstêd meitsje, wat behalven aardiger ek feiliger wie wat it crowdmanagement oanbelange.[3] Oer fjouwer dagen ferdield waarden sa'n 75.000 besikers ferwachte, 15.000 mear as yn 2017,[3] mar it waarden der úteinlik 85.000.[4]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|