Frjentsjerter Krante
De Frjentsjerter Krante (Nederlânsk en offisjeel: Franeker Courant) is in Nederlânsktalige krante dy't fergees as hûs-oan-hûsblêd ferspraat wurdt yn Frjentsjer en omlizzende dielen fan noardwestlik Fryslân.[1] It blêd waard yn 1786[1] oprjochte en wie oarspronklik in 'echte' krante, hoewol't it al foàr de Twadde Wrâldoarloch fergees hûs oan hûs besoarge waard. Yn oktober 1981 is it Frjentsjerter Nijsblêd yn 'e Frjentsjerter Krante opgien, en om 1983 hinne ek it Harnzer Nijsblêd.[2]
Frjentsjerter Krante Franeker Courant | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
taal | Nederlânsk | |
sjenre | streekblêd | |
frekwinsje | 1x yn 'e wike | |
bestean | 1786 – no | |
plak haadred. | Frjentsjer (Fryslân) | |
útjouwer | NDC Mediagroep | |
offisjele webside | ||
www.franekercourant.nl |
Tsjintwurdich is de Frjentsjerter Krante in publikaasje fan 'e NDC Mediagroep,[1] krekt as û.m. de Ljouwerter Krante. It blêd berjochtet oer nijs, kultuer en sport yn it ferspriedingsgebiet, wêrby't benammen in protte oandacht skonken wurdt oan 'e stêd Frjentsjer sels. De rest fan it ferspriedingsgebiet beslacht de gemeenten De Waadhoeke en Harns. Sûnt 1 jannewaris 2018 wurde ek de offisjele meidielings fan gemeente De Waadhoeke yn 'e krante publisearre.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|