NDC Mediagroep
De NDC Mediagroep (NDC stiet foar Noordelijke Dagblad Combinatie, Frysk: Noardlike Deiblêd Kombinaasje) is in bedriuw, oprjochte yn 2007, dat him taleit op it útjaan fan regionale en lokale kranten. Dêrneist hâld it bedriuw him dwaande mei evenemintenorganisaasjes en nijsargyvearring. Der binne trije haadfêstigings, yn Ljouwert, Grins en Meppel.
De NDC Mediagroep is ûnder oare de útjouwer fan de noardlike deiblêden de Ljouwerter Krante, it Deiblêd fan it Noarden en it Frysk Deiblêd.
SkiednisBewurkje
NDC Mediagroep is ûntstien troch it yn elkoar opgean fan de Hazewinkel Pers en de Fryske Pers. Dizze bedriuwen wurken al sûnt 1990 gear ûnder de namme 'Noardlike Deiblêd Kombinaasje'. Yn 2005 waard it hiele oandielekaptaal fan de boekenútjouwer Veen Bosch en Keuning binnenhelle. Dêrmei ûntstie yn 2006 VBK. Yn jier letter binne de nammen Hazewinkel Pers en Fryske Pers ferdwûn en is de NDC Mediagroep ûntstien, dat op har beurt wer ûnderdiel útmakket fan NDC|VBK. Yn 2020 waard NDC Mediagroep oernommen troch it Belgyske Mediahuis.
WarberensBewurkje
De NDC bestiet út in stik as wat bedriuwen. Dizze bedriuwen hâlde har ek dwaande mei media. Foarbylden fan dizze bedriuwen binne:
- Waterstad FM: In radiostjoerder dy't útstjoert yn it noarden fan Nederlân.
- Flevo Nieuwsblad Pers: In bedriuw dat de Krant van Flevoland útjout.
- Hoekstra Uitgeverij: Utjouwert fan tal fan lokale fergese en betelle nijsblêden.
Neist de Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden jouwe de NDC en har bedriuwen noch tsientallen tydskriften en wykblêden út. Foarbylden hjirfân binne:
- De Woudklank
- Heerenveense Courant
- De Koerier
- Hús oan Hús
- Drachtster Courant
- Jouster Krante
- De Noordoostpolder
- Sneeker Nieuwsblad
Neist de skriftlike warberens ûnderhaldt de NDC Mediagroep ek websiden en wol it har noch mear talizze op ynteraktive mêd fan it media-barren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |