Heerenveense Courant
De Heerenveense Courant is in wykliks hûs-oan-hûsbled yn It Hearrenfean en omkriten. De krante hat in oplage fan 50.000 eksimplaren en wurdt útjûn troch Hoekstra Utjouwerij, dy in dochter is fan de NDC Mediagroep.
De Heerenveense Courant is ien fan de twa fergeeze kranten dy't alle wiken op It Hearrenefean e.o. besoarge wurdt. De oare wie De Koerier. Mei yngong fan 1 jannewaris 2013 waard mei dy lêste útjefte opholden. Sûnt dy tiid wurdt de Hearrenfeanster Krante ek besoarge yn de hiele gemeente Weststellingwerf.
Fersprieding
bewurkje seksjeAldehaske – Aldhoarne – Aldskoat - Bontebok - Dolsterhuzen - Fjouwerhûs – Gersleat – Haskerdiken – Haskerhoarne – It Hearrenfean - Hoarnstersweach - Jobbegea - Jobbegea Skuorregea – Jonkerslân - Ketlik - De Knipe – Langsweagen – Lúkswâld - Lúnbert - Mildaam – Nijbrêge - Nijhoarne – It Oranjewâld - Ousterhaule – Ousternijegea - Reahel – Rotstergaast - Rotsterhaule - Rottum - Sint Jansgea – Ter Idzard - Terbant – De Tynje - Tsjalbert – Vegelinsoard en Wolvegea.