Teridzert

(Trochferwiisd fan Ter Idzard)

Teridzert is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, noardeast fan Wolvegea.

Teridzert
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 315 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,42 km², wêrfan:
- lân: 8,33 km²
- wetter: 0,08 km²
Befolkingsticht. 39 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8476
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' N 6° 2' E
Lokaasje Teridzert (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Teridzert (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
ter-idzard.nl
Kaart
Teridzert (Fryslân)
Teridzert

It doarp 315 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Men wol der op oan dat Teridzert al om 1100 hinne in folweardich doarp wie. Der soe doe al in ienfâldich tsjerkje of kapel west ha foar likernôch 150 oant 200 parochianen. Foar it bouwen fan in eigen tsjerke wienen fanâlds 10 hiemen genôch om in tsjerke te stiftsjen. Yn wat lettere tiid wurdt skreaun dat der 30 hiemen yn it doarp binne. De namme 'Ydzerde' waard yn 1320 foar it earst neamd, doe't de biskop fan it bisdom Utert in fanwegen wanhearrigens ynfierde ban út 1309 op Stellingwerfske doarpen ophefte.

 
Idzerdastins

Teridzert hat op it eastein ea in stins hân, de Idzerdastins. Op dat plak stiet no in pleats. It wie in mânsk gebou út de twadde helte fan 1400. Hayo Meines hie dy stins bouwe litten en naam de namme Idsaerda oan. Yn 'e oan Bonifatius wijde tsjerke binne trije epitafen of roubuorden fan de famylje Idzerda. Ek binne dêr ferskate leden fan de famylje Terwisscha begroeven. Op ien fan de sarken stiet ek harren famyljewapen. Leden fan 'e Swarte Heap baarnden de stins om 1500 hinne ôf, mar Baerte fan Idzarda liet de stins wer opbouwe.

Healwei de 19e iuw waard der lykas ek yn de oanbuorjende doarpen Alde- en Nijeholtwâlde folop turf groeven. Nij de feanôfgraving waard it lân geskikt makke foar agraysk gebrûk. De feanpolder waard oprjochte, dy't bemealle waard troch wettermûnen, dy't yn 1900 ferfongen waard troch in steamgemaal.

Nei goed 40 jier waard yn 2010 de tsjerke yn Teridzert wer yn gebrûk naam. Nei jierren fan restaurearjen wie it gebou wer goed genôch om aktiviteiten yn te organisearjen. Sneinske tsjerketsjinsten wurde der net mear hâlden, mar wol binne dêr rou- en troutsjinsten. Ek wurde der konserten en toaniel-foarstellings yn 'e tsjerke organisearre.

Teridzert docht in soad yn 'e mande mei de doarpen Aldeholtwâlde en Nijeholtwâlde. It doarpshûs De Bult yn Teridzert is in mienskiplik doarpshûs. Ek is der in mienskiplike hiemside en wurde der aktiviteiten mei de oare twa doarpen dield. De feriening Pleatslik Belang is ek mienskiplik en bestiet sûnt 1912. It doarpskrantsje hjit 't Kontakt.

 
Bonifatiustsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Bonifatiustsjerke (Teridzert).

De bern geane meast nei basisskoalle De Striepe yn Aldeholtpea.

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan 'e doarpen)

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 2007 2012 2015 2020
Ynwenners 446 319 303 292 320

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Evenemint(en)

bewurkje seksje

Boskpaad, Hamerswei, Idzardawei, Otterswei, Ruskemadenwei, Slingerwei, Vriesburgerwei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Weststellingwerf  
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
  ·   ·