Haadmenu iepenje

Welmoed Sijtsma

Frysk nijslêzeresse en ferslachjouster

Welmoed Sijtsma (Hurdegaryp, 11 septimber 1991) is in Frysk nijslêzeresse en ferslachjouster. Fanôf septimber 2015 is hja de fêste presintatrise fan it Jeugdsjoernaal fan 'e NOS.[1]

Welmoed Sijtsma
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Welmoed Sijtsma (2015)
Welmoed Sijtsma (2015)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 11 septimber 1991
berteplak Hurdegaryp (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
wurksum as nijslêzeresse, ferslachjouster
medium tillefyzje
wurksum by NOS, Omrop Fryslân
bekend fan Jeugdsjoernaal
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Welmoed Sijtsma op Twitter

Libben en karriêreBewurkje

Sijtsma waard yn 1991 berne yn Hurdegaryp, mar har âlden ferfearen in jier letter mei har nei Ljouwert ta, dêr't se opgroeide. Nei't se dêr de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se sjoernalistyk oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn har stúdzjetiid bleau se lykwols yn Ljouwert wenjen.[1]

Fanôf begjin 2014 rûn Sijtsma staazje by de NOS, dêr't se artikels skreau en nijsitems produsearre. Mids 2014 ferhuze hja dêrfoar nei Amsterdam. Dêrnjonken wie Sijtsma ek aktyf as ferslachjouster foar Omrop Fryslân.[1] Yn july 2015 krige se by de NOS in oanstelling as fêste presintatrise fan it Jeugdsjoernaal, yngeande per 1 septimber. Dêrby krige hja te hearren dat hja foartiid logopedylessen folgje moat om har Fryske aksint te ferminderjen. Njonken nijslêzeresse sil Sijtsma ek buroredaktrise wêze.[1]

Yn 2018 skreau Welmoed Sijtsma it Frysk Diktee, dat dat jiers yn 'e iepen loft holden waard. By de live-útstjoering troch Omrop Fryslân lies se it diktee op 27 juny ek sels foar op Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert, dat foar de gelegenheid folset wie mei skoalbankjes foar de 621 dielnimmers. Bekende meidoggers oan it diktee wiene û.o. politika Lutz Jacobi, skriuwers Willem Schoorstra en Sietse de Vries, en Habtamu de Hoop, de nije presintator fan it NPO-berneprogramma Het Klokhuis. It diktee waard wûn troch Wopkje Bergmans út Holwert, dy't trije flaters makke hie.[2][3]

Ein augustus 2018 makke Sijtsma bekend dat se by it Jeugdjournaal weigie. Hja stapte oer nei omrop WNL, dêr't se fan 'e twadde wike fan septimber ôf presintatrise fan Goedenmorgen Nederland waard. Yn dat tillefyzjeprogramma, dat eltse wurkdei op 'e moarn fan 7.00 oant 9.00 oere útstjoerd waard, behannele se aktualiteiten lykas nijs, sport, waar, misdie, polityk en ferkear.[4]

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 ——, Welmoed moet accent kwijt voor Jeugdjournaal, yn: de Ljouwerter Krante, 18 july 2015.
  2. ——, Recordpoging Frysk Diktee in de open lucht, yn: de Ljouwerter Krante, 26 juny 2018, s. 30.
  3. Walthaus, Asing, Gin-tonic kost oud-winnaar de dikteefinale, yn: de Ljouwerter Krante, 28 juny 2018, s. 25.
  4. ——, Welmoed Sijtsma stopt bij het "Jeugdjournaal", yn: de Ljouwerter Krante, 29 augustus 2018, s. 24.