Gearwenjen

(Trochferwiisd fan Wennet gear)

Gearwenjen (ek: gearlibje, hokje, húzje) yn 'e sprektaal yn it Frysk oer it algemien oantsjut mei de hollanistyske ynterferinsje samenwenjen, is in relaasjefoarm wêrby't twa persoanen as partners ien wente brûke en in húshâlding foarmje. Ymplisyt is dêrby dat it tusken dy persoanen giet om in (seksuële) leafdesrelaasje. As in âlder en in bern, of as twa freonen in hûs en húshâlding diele, sprekt men dêrom net fan gearwenjen, mar fan in ienâldergesin, resp. húsgenoaten. Fierders wurdt de term 'gearwenjen' ornaris opfet as 'gearwenjen sûnder troud te wêzen', en wurdt sadwaande ek fan troude pearen yn 'e regel net sein dat se gearwenje, om't dat normaal sprutsen yn it troud wêzen besletten leit.

Oarspronklik wie de betsjutting fan it begryp gearwenjen oars: oant de 1950-er jierren waard dermei ferwiisd nei it by inoar yn ien wente wenjen fan twa of mear persoanen dy't gjin leafdesrelaasje hiene. Tsjintwurdich is foar sa'n wensitewaasje de term 'wengroep' yn gebrûk. Hie men wol in leafdesrelaasje, dan koe men inkeld byinoar wenje as men troud wie, oars waard it maatskiplik net akseptearre en kaam der in skandaal fan. Yn guon maatskiplike fermiddens wie trouwen oer de putheak, dat fierhinne delkaam op gearwenjen, wol akseptearre, mar dan moast men jin ek hâlde en drage as wie men troud. Gearwenjen yn 'e moderne betsjutting kaam fan 'e Seksuële Revolúsje fan 'e 1960-er jierren ôf yn Nederlân hieltyd mear foar. Yn 't earstoan waard dêrfoar (troch tsjinstanners) ek wol de delbûgende beneaming 'gearhokken' brûkt. Hoewol't gearwenjen yn 'e Westerske wrâld tsjintwurdich hiel gewoan is, leit der yn beskate lannen, kultueren en mienskippen (wêrûnder ek guon allochtoane en swier kristlike mienskippen yn Nederlân) noch altyd in taboe op.

Tsjintwurdich wurdt gearwenjen yn Nederlân oer it algemien sjoen as in opstapke nei it houlik, hoewol't der ek pearkes binne dy't nea trouwe. Neffens sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) trouden oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren njoggen fan 'e tsien froulju yn Nederlân sûnder earst gearwenne te hawwen. Yn 2005 troude noch mar ien fan 'e tsien Nederlânske froulju sûnder earst gearwenne te hawwen. Lange tiid wie yn Nederlân it byinoar yn ien hûs wenjen en in húshâlding fieren in betingst fan it boargerlik houlik, dat by wet fêstlein wie. Yn 2001 waard dat út 'e wet skrast, en sûnt hoege troude pearen dus net mear yn itselde hûs te wenjen om in troch de steat erkend houlik te hawwen. Oan 'e oare kant binne om deselde tiid hinne yn Nederlân ek it registrearre partnerskip en it gearlibbingskontrakt ynfierd, dat wetlik erkende foarmen binne fan gearwenjen bûten it houlik om. In soad Westerske lannen hawwe soartgelikense regelings ynfierd, mar bûten de Westerske wrâld wurdt gearwenjen faak noch altyd net offisjeel erkend, as it al sosjaal akseptearre is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.