Trouwen oer de putheak

Trouwen oer de putheak[1][2] wie yn it ferline in oantsjutting foar lju dy't gearwennen sûnder formeel troud te wêzen. Men sei dan dat sokken "oer de putheak troud" wiene. Soks kaam yn Fryslân benammen in soad foar yn de Wâlden (as men alteast de boeken fan Rink van der Velde leauwe mei, dêr't it ferskynsel ferskate kearen yn neamd wurdt). Trouwen oer de putheak wie ornaris berne út need, om't it oanfreegjen fan in troufergunning en it slute litten fan in boargerlik houlik, mei eventueel in tsjerklik houlik dêr noch op ta, jild koste. Trouwen oer de putheak wie sadwaande in praktyk dy't benammen by de earmste maatskiplike klassen foarkaam. It wie yn dat fermidden in sosjaal akseptearre ferskynsel, hoewol't oan sa'n soarte houlik foar de wet gjin rjochten ûntliend wurde koene.

Tsjintwurdich sprekt frijwol nea mear fan 'troud wêzen oer de putheak'. Gearwenjen, dat tsjintwurdich in frij algemien oanfurde praktyk is, komt frijwol op itselde del, mar hat net itselde maatskiplik stigma dat trouwen oer de putheak hie. Dêr waard nammentlik sterk op delsjoen troch lju út 'e hegere maatskiplike klassen.

Yn 'e Angelsaksyske wrâld bestiet fan âlds in soartgelikens ferskynsel, dat common-law marriage ("houlik neffens de algemien jildende wet") neamd wurdt.[3] It ferskil is dat dat yn beskate lannen (te witten: Austraalje, Ingelân, Kanada, Skotlân, Wales en acht steaten fan 'e Feriene Steaten) wetlike erkenning genietet. Yndia en Israel, twa oare eardere Britske koloanjes, hawwe har eigen wetlik erkende foarm fan it common-law marriage.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 792.
  2. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1579.
  3. Artikel op 'e Ingelske Wikipedy oer common-law marriage.