Registrearre partnerskip

In registrearre partnerskip is in wetlik erkende en regele foarm fan in relaasje tusken twa gearlibjende persoanen. Dit is in relatyf nij ferskynsel, dat sûnt de 1990-er jierren yn benammen in protte Jeropeeske lannen ynfierd is, mar ek bûten Jeropa wol foarkomt. Fan oarsprong waard dizze relaasjefoarm yn 'e measte lannen ynsteld as in alternatyf foar homoseksuëlen en lesbiënnes, dy't útsletten wiene fan it oangean fan in 'gewoan' houlik. Yn in soad lannen dy't it registrearre partnerskip ynfierden, waard lykwols letter it houlik dochs noch iepensteld foar homo's en lesbiënnes, wylst it partnerskip ek iepensteld waard foar heteroseksuëlen. Njonken it registrearre partnerskip bestiet yn Nederlân ek it fiskaal partnerskip.

Fersprieding

bewurkje seksje

Lannen en territoaria dy't in foarm fan it registrearre partnerskip hawwe, wiene mids 2017: Andorra (2005), Argentynje (2015), Arûba (2016), Belgje (2000), Brazylje (2002), Dútslân (2001), Eastenryk (2010), Ekwador (2008), Estlân (2016), it Feriene Keninkryk (2005), Frankryk (1999), Frânsk-Sint-Marten (1999; ynkl. de oerseeske Frânske departeminten Frânsk-Guyana, Guadelûp, Majot, Martinyk en Réunion), Gibraltar (2014), Grikelân (2008), Hongarije (2009), Iislân (1996), Itaalje (2016), Jersey (2012), Kolombia (2009), Kosta Rika (1995), Kroaasje (2014), Lychtenstein (2010), Lúksemboarch (2004), Malta (2014), Man (2011), Nederlân (1998) en Karibysk Nederlân (2012), Nij-Kaledoanje (2009), Nij-Seelân (2005), Oerûguay (2008), Sily (2015), Sint-Bartelemy (1999), Sint-Pierre en Miquelon (1999), Syprus (2015), Sloveenje (2006), Spanje (2010), Súd-Afrika (2006), Switserlân (2007), Tsjechje (2006), en Wallis en Fûtûna (2009),

Fierders bestiet it registrearre partnerskip ek yn 'e Amerikaanske steaten Hawaï (1997), Illinois (2011), Kalifornje (1999), Kolorado (2009), Maine (2004), Marylân (2008), Nevada (2009), Nij-Jersey (2004), Oregon (2008), Washington (2007), Wiskonsin (2009), it Distrikt Kolumbia (2002) en de stêd New York (1998); yn 'e Kanadeeske provinsjes Alberta (2003), Kebek (2002), Manitoba (2001) en Nij-Skotlân (2001); yn 'e Meksikaanske steaten Campeche (2013), Coahuila (2007), Jalisco (2013) en Meksiko-Stêd (2007); en yn 'e Australyske steaten Fiktoaria (2008), Nij-Súd-Wales (2010), Queenslân (2012), Súd-Austraalje (2017), Tasmaanje (2004) en it Australysk Haadstedsk Territoarium (2008).

Sitewaasje yn Nederlân

bewurkje seksje

Yn Nederlân is it registrearre partnerskip ynfierd op 1 jannewaris 1998. It is wetlik fêstlein yn 'e kêsten 77a en 80a oant en mei 80g fan Boek 1 (oangeande famyljerjocht) fan it Boargerlik Wetboek. Yn Nederlân stiet in registrearre partnerskip frijwol gelyk oan in houlik. Sûnt 1 april 2014 wurde de man en de frou út in registrearre partnerskip automatysk foar de wet âlder fan 'e bern dy't nei it sluten fan dat partnerskip út harren relaasje berne wurde. As it om twa partners fan itselde geslacht giet, moat de partner dy't net de biologyske âlder fan in bern is, dat bern adoptearje om âlderlike rjochten te krijen.

Op in registrearre partnerskip binne yn Nederlân frijwol alle rjochten en ferplichtings fan tapassing dy't ek foar in houlik jilde, lykas de bepalings oer mienskip fan goed en houlikse betingsten mei útsûndering fan wat der oangeande skieding fan tafel en bêd fêstlein is. Ek foar de ûntbining fan in registrearre partnerskip, in saneamde partnerskipsskieding, jilde tsjintwurdich frijwol deselde regels as by in houlikse skieding. De Keninklike Notariële Beropsorganisaasje (KNB), wêryn't de notarissen yn Nederlân feriene binne, hat foarsteld om it registrearre partnerskip ôf te skaffen, mei't it hast net mear te ûnderskieden is fan in houlik.

Nettsjinsteande dat wurdt it almar populêrder as relaasjefoarm. Yn augustus 2017 rapportearre it Sintraal Buro foar de Statistyk dat yn Fryslân hieltyd mear pearkes in registrearre partnerskip oangeane ynstee fan yn it houliksboatsje te stappen. De gemeente Ferwerderadiel spande datoangeande de kroan, dêr't 51% fan 'e stellen foar in partnerskip ynstee fan in houlik keas. Ek op It Bilt en op Skylge wie it registrearre partnerskip tige populêr, wylst it op Flylân fan alle Fryske gemeenten it leechst skoarde. Lanlik synjalearre it CBS fierder de trent dat der op it plattelân folle mear fan it partnerskip gebrûk makke waard as yn 'e stêden, wat ferklearre waard trochdat yn 'e stêden in soad allochtoanen wenje, dy't konneksjes mei it bûtenlân ûnderhâlde dêr't in partnerskipsrelaasje net altyd as wetlik jildich beskôge wurdt. Behalven yn 'e stêden waard ek yn strang kristlike kriten lykas dielen fan noardlik Oerisel (Staphorst), de Feluwe, de Alblasserwaard en oare dielen fan eastlik Súd-Hollân, Toalen en Siuwsk-Flaanderen net folle gebrûk makke fan it registrearre partnerskip.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vloeimans, Noor,, Partnerschap populair in Ferwerderadiel yn: de Ljouwerter Krante, 25 augustus 2017, s. 21.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.