Nij-Kaledoanje
Nij-Kaledoanje (Frânsk: Nouvelle-Calédonie) is in Frânsk oerseesk gebietsdiel mei in bysûndere status. It oerseesk gebiet bestiet út in kloft eilannen dy't meiïnoar in oerflak hawwe fan 18.576 km2. It grutste eilân wurdt ek Nij-Kaledoanje neamd. Oare wichtige eilannen binne Maré, Lifou en Ouvéa, dy't de Loyaliteitseilannen foarmje.
Dit artikel is in stobbe oer lânskip streek as regio.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Nij-Kaledoanje Nouvelle-Calédonie | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Frankryk |
pol. status | oerseeske kollektiviteit |
haadstêd | Nouméa |
offisjele taal | Frânsk |
sifers | |
ynwennertal | 256.000 (2012) |
befolkingstichtens | 13,6 / km² |
oerflak | 18.576 km² (ynkl. wetter) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Euro (€) (EUR) |
tiidsône | UTC+11 |
tillefoan | +687 |
ynternetekstinsje | .nc |
webside | www.gouv.nc |
De eilannekloft leit yn de Grutte Oseaan beëasten Austraajië, besuden Fanûatû, bewesten Fidzjy en benoarden Nij-Seelân.
It tal ynwenners bedraacht 256.000 (2012). De befolking bestiet benammen út Melaneezjers en Jeropeanen. Der binne 25 fleanfjilden yn it gebiet. Aircalin en Air Calédonie binne de twa loftfeartmaatschappijen.
Klimaat
bewurkje seksjeNij-Kaledoanje hat in tropysk klimaat, wêrtroch it der it hiele jaar waarm is mei in hege fochtichheidsgraad.