Hilde Mulder
Hilde Mulder (1960) is oprjochtster, artistyk en saaklik direkteur fan jeugdteaterskoalle Miuw. Se regisearret foarstellings en jout lessen elemintêr- en teksttoaniel.
Hilde Mulder | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hilde Mulder | |
berne | 1960 | |
berteplak | Noard-Brabân | |
jierren aktyf | 1996 - no | |
prizen | Fryske Anjer 2022 |
Jeugdteäterskoalle
bewurkje seksjeTroch har toaniellessen op de middelbere skoalle die se de regy-oplieding oan de teäterskoalle yn Utert. As Brabanner om utens kaam Hilde Mulder yn de jierren tachtich as teäteradviseur nei Fryslân ta. Se besocht it amateurteäter yn Fryslân in ympuls te jaan. It wiene destiids benammen Fryske fyftichplussers dy’t toanielspilen. Mulder krewearre sûnt 1990 foar in folweardige teäterskoalle. Yn 1990 slagge it har mei Gooitsen Eenling om mei stipe fan de Provinsje Fryslân yn Ljouwert in teaterskoalle op te setten. De skoalle waard Meeuw, neamd, nei it toanielstik De meeuw fan de Russyske skriuwer Anton Tsjechov. Yn de begjintiid wie der gjin fêste oefenlokaasje yn Ljouwert, letter krige it har oan de Oostersingel, yn it gebou neist Tryater.
Ta de earste teäterklasse fan tritich learlingen hearde ek de lettere aktrise Nynke Heeg. Twa jier nei de oprjochting waard in stik opfierd dat basearre wie op it toanielstik Drie Zusters fan Anton Tsjechov. Mulder slút mei de foarstellings oan by bekende wrâldliteratuer en besiket dan in fertaalslach te meitsjen nei de belibbingswrâld fan de jongerein. Der waarden stikken op bysûndere lokaasjes opfierd, lykas de redaksje fan de Ljouwerter Krante of op in plein mei leechsteande huzen yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen.
Kultuerpriis
bewurkje seksjeYn 2022 wûn se de Fryske Anjer foar har wurk foar de kultuer en har ynset foar it opsetten fan teäterskoalle Meeuw. De sjuery skreau yn har sjueryrapport: Under har lieding hat de oplieding him sterk en oanhâldend profesjonalisearre ta in keatling fan foarstellings dy’t neist spylbeurten yn it eigen gebou ek it paad fûnen nei ferskate profesjonele teäters yn Fryslân en dêrbûten.[1]
Produksjes, regy en bewurkings (karút)
bewurkje seksje- Broer en Lyfke wolle ruilje (1995-1996)
- Pake yn 'e kast (1997-1998)
- ’n Meeuw (1998-1999)
- Nog bij moeder (Ot & Sien) (1998-1999)
- Hart op hol (1998-2000)
- Curse (1998-2000)
- Gute Reise (2001-2002)
- HOW? Het ongeluk van de week (2002-2003)
- De lêste brief (2003-2004)
- Adriaan Mol, 13 3/4 jaar (2004-2005)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|