Antonia Talamini
Antonia Talamini (Ljouwert, 6 septimber 1945 – dêr, 17 juny 2016) wie in Fryske ynstallaasjekeunstner, grafikus, skilder en monumintaal keunstneresse.[1]
Antonia wie de dochter fan iismakker Antonio Talamini, grûnlizzer fan de Ljouwerter iissalon LaVenezia. Doe se 28 wie keas Antonia foar de keunst.
Nei in oplieding oan de keunstakadeemje Vredeman de vries krige hja súkses yn en bûten Fryslân. Sa kocht Steedlik Museum yn Amsterdam grafysk wurk fan har oan.[2]
Se waard yn de tachtiger jierren fan de foarige iuw bekend troch grutte wurken mei mingde technyk. Yn Ljouwert makke se ûnder oaren de neon-gevelfersiering op de flats yn de Ljouwerter Frijheidswyk.
Antonia ûntwurp de spjelde dy’t heart by de priis fan de Fryske Anjer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|