Gruttegast (gemeente)
Gruttegast (Grinslânsk: Grodegast, Nederlânsk: Grootegast), is in eardere gemeente yn it noarden fan Nederlân, yn het Westerkertier fan de provinsje Grinslân. De gemeente hie in oerflakte fan 88,29 km² (dêr't 2,60 km² fan wetter is). De hjoeddeiske gemeente wie ûntstien yn 1990 troch gearfoegjen fan de eardere gemeente Oldekerk by Gruttegast. Op 6 novimber 2007 ferklearre it kolleezje fan B en W fan Gruttegast foarstanner te wêzen fan in fúzje mei de gemeente Mearum.
Yn 2013 waard op grûn fan it advys Grenzeloos Grunnen yn de Grinslân út ein set mei in trajekt om yn it Westerkertier ta ien gemeente te kommen, dy't bestean moatte soe út de gemeenten Gruttegast, De Like, Marum en Súdhorn.
Sûnt 1 jannewaris 2019 makket de eardere gemeente Gruttegast tegearre mei de eardere gemeenten De Like, Mearum, Súdhorn diel út fan de gemeente Westerkertier.
Yndieling
bewurkje seksjeDe gemeente Gruttegast bestie neist it haaddoarp út de neifolgjende plakken en buorskippen: Doezum, Faan, Gruttegast, Kornhorn, Kuzemer, Kuzemerbalke, Lutjegast, Niekerk, Oldekerk, De Grinzer Pein, Peebos, Sebaldebuorren en De Snipperij.