Gerben "Germ" Colmjon (Ljouwert, 27 april 1828 – dêre, 28 desimber 1884) wie in Frysk taalkundige, bibliotekaris, argivaris en oersetter.

Gerben Colmjon
skriuwer
Gerben Colmjon, fotografearre troch I. H. Slaterus
Gerben Colmjon, fotografearre troch I. H. Slaterus
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerben Colmjon
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 april 1828
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 28 desimber 1884
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre poëzij, lit. koarte ferhalen,
non-fiksje, oersettings
perioade 2e helte 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
Beknopte Friesche Spraakkunst
It Ewangeelje fen Lukas
jierren aktyf ±18501884
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Colmjon wie de soan fan Pieter Colmjon en Pietje Edzerda. Yn 1855 troude er mei Marijke Groothelm, dy't foàr him stoar. Fan hûs út wied er boarstelmakker en boekferkeaper, mar yn syn frije tiid brocht er himsels troch iverige stúdzje skiednis, de klassike talen (Latyn en Gryksk) en ferskate moderne talen by. Dizze autodidakt wist in baan oan 'e Provinsjale Bibleteek te bemachtigjen, en yn 1868 waard er troch de Steaten fan Fryslân beneamd te argivaris en bibliotekaris fan Fryslân. Yn 1877 folge in beneaming ta ryksargivaris yn Fryslân mei it ferlof om it amt fan provinsjaal bibliotekaris derby te hâlden.

Fan amtswegen sette er útein mei de fiifdielige Systematische Catalogus van de Provinciale Bibliotheek van Friesland, mei in alfabetysk register, dat nei syn dea, yn 1887, foltôge waard troch syn opfolger Berns. Boppedat stalde er it Register fan Oarkunden, Dy't yn it Sjarterboek fan Fryslân Untbrekke, Oant it Jier 1400 gear (publ. 1883). Njonken syn wurk wied er in fjurrich strider foar it Frysk. Yn 1849 waard er lid fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, dêr't er fan 1862 ôf in fearnsiuw siktaris fan wie. Hy wie de útjouwer fan 'e werprintingen fan Rimen en Teltsjes fan 'e bruorren Halbertsma (1871 en 1881), siet yn 'e Staveringskommisje 1876 (en wurke as sadanich mei oan 'e gearstalling fan 'e earste offisjele stavering fan it Frysk, de saneamde "Selskipsstavering" fan 1879), en skreau gedichten en koarte ferhalen yn alderlei tydskriften, somtiids ûnder de skûlnammen "Eelke" en "G. P.". Ek wie fan syn hân in Beknopte Friesche Spraakkunst (1863) en in oersetting fan it Evangeelje fan Lukas nei it Frysk (1879).

Wurk/Utjeften

bewurkje seksje
  • 1862: Hwet de Leafde Net Dwaen Kin
  • 1863: Beknopte Friesche Spraakkunst voor den Tegenwoordigen Tijd
  • 1871-1881: Systematische Catalogus van de Provinciale Bibliotheek van Friesland (5 dielen)
  • 1879: It Ewangeelje fen Lukas, yn 'e fryske tael oerset
  • 1883: Register fan Oarkunden, Dy't yn it Sjarterboek fan Fryslân Untbrekke, oant it Jier 1400

Priuwke út Colmjons Lukasoersetting

bewurkje seksje

Haedstik XX

1. En it barde op ien fen dy dagen, wylst er yn’e timpel it folk learde en it ewangeelje forkindige, dat de oerprysters en skriftgelearden mei de âlderlingen dêr by kamen,

2. en sprieken tsjin him, sizzende: Siz ús troch hwet macht jy dizze dingen dogge, ef hwa ’t hy is, dy jo dizze macht jown het.

3. En hy andere en sei tsjin hjar: Ik scil jimme ek in wird freegje: siz my ris:

4. De doop fen Johannes wier dy út ‘e himel ef út ‘e Minsken ?

5. En hja mûskoppen mei enoar en seijen: As wy sizze út ‘e himel, den scil er sizze, hwêrom habbe jimme him den net leaun ?

6. En as wy sizze út ‘e minsken, den scil it folk ús stien- nigje, hwent hja hâlde ’t for wis, dat Johannes in profeet wier.

7. En hja anderen, dat hja it wisten, hwêr’t dy wei wier.

8. En Jezus sei tsjin hjar, den siz ik jimme ek net troch hwet macht as ik dizze dingen doch.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Colmjon, Gerben.