Dyami Millarson (Driebergen-Rijsenburg, 19 maaie 1994) is in Fryske talekenner[1], taleblogger[2], talerêder (Ingelsk: language revivalist)[3] [4], filantroop[5] [6] en mediapersonaazje [7] [8] dy't út Ljouwert/Fryslân komt. Hy set him yn foar it Frysk, it Hylpersk, it Aastersk en it Skiermûntseagersk dy't er yn koarte tiid eigen makke hie. Hy wurket dêrfoar op mei syn maten Ken Ho út Hongkong en Giovanni Pinto út Itaalje. Millarson syn freon Ken Ho helle al it nijs yn 2016 om't er suver Hollânsk en Frysk prate koe. Millarson jout gjin antwurd op de fraach hoefolle talen er prate kin. [9] [10] Hy is yn elts gefal in foarbyld fan Fryske meartaligens. Regelmjittich ferskine der artikels fan Ho en Millarson yn en oer ferskate Fryske talen op it bloch Operation X

Millarson is opwoeksen yn Driebergen-Rijsenburg. Hy hat ek in jier yn Nij-Seelân west. Hy hat in hoart rjochten studearre, mar koe dy stúdzje net dien meitsje fanwegen in groanyske termoandwaning. Syn namme en efternamme binne fan Ingelske komôf. It is net bekind wat syn memmetaal is, mar sa't it bliken docht oan 'e skiednis fan syn webloch, behearsket er it Ingelsk tige goed en skriuwt er faak Ingelsk. Syn earste artikels yn it argyf op syn bloch binne perfekt Ingelsk en dit besterket it besteande fermoeden dat er fan hûs út Ingelsktalich is. [11] Yn 2009-2010 kaam er mei syn heit yn Ljouwert te wenjen doe't er 15 jier âld wie en makke dêr kennis mei Fryslân en de Fryske kultuer. Dêr ûntstie doe de belangstelling foar de minderheidstalen om him hinne.[12] It duorre oant 2016 ear't er de Fryske taal learde yn gearwurking mei Ken Ho. Hja kundigen doedestiids yn in filmpje op YouTube oan dat se de taal tegearre leare soene. It is net fermeld hoelang't Millarson yn 2016 oer it Frysk learen die, mar der mei oannommen wurde dat er der ûngefear sa lang - of miskien koarter want yn 2018 learde er de talen tige fluch - oer die as Ken Ho want Millarson koe yn 2016 ek Frysk prate en hie dit nei eigen sizzen tegearre mei him leard, alhoewol't dit net te hearren wie yn 'e media mar er liet wol sjen dat er it Frysk maklik ferstean koe.[13] Wêrom't er doe gjin Frysk spriek yn 'e media is net bekind, mar hy like doe mear in fertolkjende rol te hawwen foar syn stúdzjefreon Ken Ho. Ken Ho, dy't yndertiden in taalgoeroe neamd waard en in soart ambassadeur foar it Frysk, koe Frysk yn 2016 tige goed ferstean en sprekke. Mooglik kaam dit troch help fan Millarson. Ut in fraachpetear mei Omrop Max op 20 septimber 2016 docht bliken dat Millarson de learmaster fan Ken Ho wie foar de Fryske taal en wierskynlik ek it Hollânsk, om't Ken Ho suver Hollânsk sprekke koe doe't harren oankundigingsfilmpje op YouTube mei de titel "Endangered language learning challenge - Learning Frisian within 3 months (Eng Sub)" publisearre wie.

Yn in fraachpetear mei Roel Maalderink yn Tresoar op 10 july 2019 bliek dat Millarson in deade Germaanske taal aktyf behearsket, nammentlik it Goatysk. Millarson krige Latyn en Gryksk op skoalle. Yn in fraachpetear mei Metro yn 2019 waard it dúdlik dat syn leafde foar talen opwekt wie troch dy deade talen. Syn bloch docht bliken dat er it Latyn ek skriuwe kin. Ken Ho en Giovanni Pinto learde him kennen troch it Latyn, en sa kaam it dat hja harren ynsetten foar Fryske talen.[14] Millarson en syn maten litte in grut besef fan taalstjerte sjen yn al har mediaferskiningen en dit komt wierskynlik troch harren kennis fan deade talen. Sa seit Millarson yn in fraachpetear mei Laura van der Zee dat er it Skiermûntseagersk foar de taaldea besparje woe [15] en hy hat ek op oare wizen sein dat er net wol dat talen stjerre.

Millarson learde yn 2018 foar syn jierdei it Aastersk. Richard van der Veen koe befêstigje dat er it Aastersk doedestiids, yn elts gefal op skrift, goed yn 'e macht hie. Yn in fraachpetear mei Felix Meurders en Dolf Jansen op 8 juny 2019 waard dúdlik dat er it Aastersk goed ferstean kin. Hja ferliken him mei Frans Timmermans fanwegen syn meartaligens.[16] Hy hat ferskillende stikjes yn it Aastersk skreaun dy't werom te finen binne op syn bloch. 

Millarson learde yn 2018 it Skiermûntseagersk mei syn ynternasjonale freonegroep. It wie harren doel om de taal wer cool te meitsjen. De Telegraaf gie mei harren nei it eilân ta en die ferslach dat se de taal sa goed as de lêste sprekkers yn 'e macht hiene, alhoewol't se net earder op it eilân west hiene. De eilanners seine sels dat hja op it eilân bliuwe mochten, om't hja wol echte eilanners liken.[17] Millarson hat in mearke mei de titel "Trooi reuzen op ús eilaun" skreaun. Op 26 septimber 2019 ferskynde er foar Jeropeeske Dei fan 'e Talen as "talendokter" yn it telefyzjeprogramma Man Bijt Hond en learde er it Skiermûntseagersk oan minsken op strjitte (it wie te hearren dat er it Skiermûntseagersk goed yn 'e macht hie). Hy sei oan it ein fan it clipje dat de dei in sukses wie.

Yn septimber 2018 waarden Millarson en Ho yn Hylpen as "taalhelden" ûnthelle. De Hylpers wiene bot ferrast dat it duo him yn 'e Hylper taal ferdjippe hie. Millarson joech oan dat de taalsituaasje yn Hylpen slimmer wie as er oarspronklik tocht hie. Hy woe net dat de taal fan Hylpen lykas it Molkwardersk útstjerre soe. Hy foege dêroan ta dat it Hylpersk it lêste oerbliuwsel wie fan it meast argayske Frysk út 'e regio.[18] Ut it ûndersyk fan Millarson en Ho yn 2018 docht bliken dat it Hylpersk in tige behâldend taal is.[19]

Millarson en syn freon Ken Ho jouwe in protte om útspraak by it learen fan talen. Hja seine yn 2018 tsjin de Ljouwerter Krante: "De klanken, dy binne it wichtichst. Wy jouwe in protte om útspraak." Millarson hat Ken Ho holpen by it learen fan Hollânske útspraak.[20] Hja leare talen fierders mei lêsboeken, grammatika's en wurdlisten. De freonen tinke dat harren wize fan learen in foarbyld wêze kin foar it taalûnderwiis.[21] 

Ein 2018 seine Millarson en Ho dat se mei Operation X trochgean soene en dat se dêr in stichting foar gearwurking tusken mienskippen fan minderheidstalen yn binnen- en bûtenlân fan meitsje soene. Millarson wist dat der oare sokke ynstellingen binne, wylst er dit as reden joech foar it oprjochtsjen fan in stichting: "Mar wy wurkje oars. Wy leare de talen sels en wurde sa sels de brêge dy't talen meiïnoar ferbynt. Wy binne de ienigen yn 'e skiednis dy't njonken it Frysk, Hollânsk en Ingelsk it Aastersk, Skiermûntseagersk en Hylpersk behearskje."[22] Mei dat lêste bedoelt er wierskynlik Ken Ho en himsels, want Pinto waard, alteast neffens de media, net belutsen by de taalútdagingen mei it Aastersk en Hylpersk. It artikel fan 'e Metro út 2019 seit nammentlik ek dat Pinto him rjochtet op it Skiermûntseagersk.

Yn 2019 helle Millarson alle nijs om't de trije talen, dy't er yn 2018 leard hie tegearre mei syn maten, erkend wiene as selsstannige talen troch Glottolog. By de Fryske Akademy wie earder yn itselde jier it wurdboek fan in Hylpersk útkommen, mar as dialekt.[23] Millarson joech yn syn fraachpetear mei Metro oan dat it einliks nuver is dat minderheidstalen (lykas it Hylpersk) dialekten neamd wurde, want "alle talen hiene kompleet eigen systemen en grammatica's". Dit slacht wierskynlik op de taalkundige opfetting dat "a language is a dialect with an army and navy", d.w.s. it ferskil tusken taal en dialekt hat te dwaan mei macht. Millarson sei ek yn in fraachpetear mei Henk van Steeg en Robbert Meeder: "Dialekt wurdt te pas en te ûnpas brûkt. Dat fyn ik einliks wol spitich. [...] Men hat yn 'e folksmûle nochal de neiging dêrmei in minderweardige taal oan te tsjutten." [24] Millarson hat hieltiten wer op syn bloch sein dat Skiermûntseagersk, Hylpersk en it "Frysk fan Skylge" oare talen binne as it Standertfrysk. Hy skriuwt dat it learen fan al dy Westerlauwersk-Fryske talen itselde is as it learen fan frjemde talen lykas it Afrikaansk en Dútsk. Sadwaande bestudearret er it Westerlauwersk Frysk as in taalfamylje. 

Millarson wurdt fanwegen syn taalfeardigens en ynset foar lytse talen beskreaun as in "talewûnder", "talefan" en "taalfanaat", mar er is dêr sels tige nochteren oer en seit "ik soe mysels noait sa beskriuwe". Hy beskriuwt himsels as "gewoan minsk". [25] Polyglot Millarson skriuwt Ingelsk, Latyn, Hollânsk, Frysk, Hylpersk, Aastersk, Skiermûntseagersk, Sweedsk, Grinslânsk, Elfdaalsk, Dútsk, Sealterfrysk en Halûndersk op syn bloch. Ken Ho blocht yn likefolle talen, allinnich hat er gjin Latynske en Elfdaalske artikels skreaun.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hylpersk, Skiermûntseagersk en Aastersk selsstannige talen foar Max Planck Institut, op: Omrop Fryslân, 2 juny 2019.
  2. Talenfan Dyami Millarson leert in zeven weken Schiermonnikoogs dialect, yn: it Frysk Deiblêd, 11 augustus 2018.
  3. Spreekt u al Aasters, Schiermonnikoogs of Hielpes? Dankzij Dyami Millarson (25) zijn het nu zelfstandige talen, yn: Trouw, 2 juny 2019.
  4. On the Revival of Extinct North Frisian Languages, op: Operation X, 26 maart 2019.
  5. Fries talenwonder redt lokale talen, yn: it Algemien Deiblêd, 10 july 2019.
  6. Dyami (25) wil uitstervende talen redden, yn: de Metro, 12 juny 2019.
  7. Aflevering 24, yn: Man bijt hond, 26 septimber 2019.
  8. De redder van streektalen Dyami Millarson, yn: Langs de Lijn En Omstreken, 5 juny 2019.
  9. De redder van streektalen Dyami Millarson, yn: Langs de Lijn En Omstreken, 5 juny 2019.
  10. Fries talenwonder redt lokale talen, yn: it Algemien Deiblêd, 10 july 2019.
  11. De redder van streektalen Dyami Millarson, yn: Langs de Lijn En Omstreken, 5 juny 2019.
  12. Dyami (25) wil uitstervende talen redden, yn: de Metro, 12 juny 2019.
  13. Ken Ho yn it Frysk, op: Omrop Fryslân, 19 septimber 2016.
  14. Sinees Ken Ho leart yn trije moanne Frysk!, op: YouTube, 19 septimber 2016.
  15. 'De Eilander taal, op: Eilauners.
  16. 'Spijkers met koppen, op: NPO Radio 1.
  17. 'Spreekt u ook Schiermonnikoogs?, yn: de Telegraaf.
  18. Hindeloopen omarmt Chinees Ken Hoen en Leeuwarder Dyami Millarson - omdat ze het Hylpers leerden, yn: Ljouwerter Krante, 13 novimber 2018.
  19. Hylper taal fergetten troch Lân fan taal, op: Omrop Fryslân, 12 novimber 2018.
  20. De redder van streektalen Dyami Millarson, yn: Langs de Lijn En Omstreken, 5 juny 2019.
  21. Hindeloopen omarmt Chinees Ken Hoen en Leeuwarder Dyami Millarson - omdat ze het Hylpers leerden, yn: Ljouwerter Krante, 13 novimber 2018.
  22. Hindeloopen omarmt Chinees Ken Hoen en Leeuwarder Dyami Millarson - omdat ze het Hylpers leerden, yn: Ljouwerter Krante, 13 novimber 2018.
  23. Eilandtalen en Hielpers opgenomen in internationale talendatabank, yn: de Ljouwerter Krante, 2 juny 2019.
  24. De redder van streektalen Dyami Millarson, yn: Langs de Lijn En Omstreken, 5 juny 2019.
  25. De redder van streektalen Dyami Millarson, yn: Langs de Lijn En Omstreken, 5 juny 2019.