Omropper (histoarysk)
(Trochferwiisd fan Doarpsomropper)
In omropper wie in persoan dy't in stêden en doarpen saaklike meidielings "op 'e bel" die. De omropper hie in fêste rûte troch in stêd of doarp en luts de oandacht troch te beljen of mei it slaan op in bekken.
Dêrmei frege er omtinken foar meidielings fan de gemeenteried, in foarstelling yn it pleatslik kafee, oanbiedings fan in winkelman of fan in needslachting, ensafuorthinne.
De doarpsomropper wie oant yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw warber as bringer fan it pleatslike nijs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J. H. e.o. red. Encyclopedie van Friesland, 1958. Omroeper |