Von Bernstorff

(Trochferwiisd fan Bernstorff-Wehningen)

Von Bernstorff is in oeraadlik laach fan Meklenburch dat eigner fan it stamslot mei deselde namme, Bernstorf, wie oant yn de 20e iuw.

Hûs Bernstorf yn neo-Nederlânske renaissânsestyl (1879-1882)

Skiednis bewurkje seksje

De stamrige dy't bewiisd wurde kin set útein mei Johann Bernstorp dy't tusken 1411 en 1423 as knape van Bernstorff neamd wurdt. Neisieten waarden adele troch ferskate Dútske foarstendommen, Eastenryk en Denemarken. Yn 1716 wie de erkenning as Reichsfreiherr, yn 1719 de erkenning yn Hannover en 1767 de ferheffing ta Deensk greve (mei de rang fan lehnsgraf). Oare tûken behearre by de adel sûnder titel en hawwe it adelspredikaat "von".

De familie hâldt sûnt 1726 ûnder tafersjoch fan de famyljestichting alle twa jierren in famyljedei, op it slot Gartow dat sûnt 1694 yn de famylje sit.

De tûke Bernstorff-Wehningen waard yn Nederlân bekend troch it keapjen fan de hearlikheid Skiermûntseach yn 1893 troch Berthold greve von Bernstorff (1842-1917). De famylje is ek mei Nederlân ferbûn troch it houlik yn 1920 van Sinemie van Braam (1890-1951), lid fan de famylje Van Braam, mei Werner Friedrich Bechtold Eberhard Hartwich Hermann greve von Bernstorff (1891-1992), planter op Java, waans dochter Josine grevinne von Bernstorff (1922) yn Nederlân wennet.

De famylje waard bekend fan in sosjologyske stúdzje fan adelskundige Eckart Conze oer de skiednis fan de Dútske adel yn de 20e iuw.

In tal neisieten bewurkje seksje

  • Berthold greve von Bernstorff, hear fan Jasebeck (1842-1917), keaper fan de hearlikheid Skiermûntseach
  • Georg-Ernst greve von Bernstorff, hear fan Wehningen en Skiermûntseach (1870-1939), lid fan de Dútske Ryksdei

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Genealogisches Handbuch des Adels 130 (2003), s. 43-80.
  • Eckart Conze, Von Deutschem Adel. Die Grafen von Bernstorff im zwanzigsten Jahrhundert. Stuttgart/München, 2000.