Noardhoeksk

(Trochferwiisd fan Westnoardhoeksk)

It Noardhoeksk, inkeld ek wolris Noardklaaifrysk neamd, is ien fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten. It wurdt sprutsen yn it noardeasten fan 'e provinsje Fryslân, in gebiet dat rûchwei begrinzge wurdt troch de Lauwersmar yn it easten, it Waad yn it noarden, it Bilt yn it westen en in tinkbyldige line fan Ljouwert oer Burdaard en Dokkum nei Ingwierrum yn it suden. Neffens in skatting op grûn fan gegevens út 2004 soe it Noardhoeksk yn 'e provinsje Fryslân sprutsen wurde troch likernôch 39.000 minsken; hoefolle Friezen om utens oft Noardhoeksk sprekke is net dúdlik.

Noardhoeksk
algemien
oare namme(n) Noardklaaifrysk
eigen namme Noardhoeksk
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 39.000 (2004, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Noardhoeksk
dialekten Westnoardhoeksk,
Eastnoardhoeksk
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
gjint
De lokaasje fan it Noardhoekske dialekt yn it Fryske taalgebiet.

Taaleigenskippen

bewurkje seksje

It Noardhoeksk wykt mar sa'n bytsje fan it Klaaifrysk ôf, dat it ek wol as de noardlike fariant dêrfan beskôge wurdt, ynstee fan as in selsstannich haaddialekt fan it Frysk. It grutste ferskil tusken it Noardhoeksk en it Klaaifrysk (en Standertfrysk) is dat njonken de âldere en de nijere brekking yn it Noardhoeksk noch in trêde brekkingsfoarm trochfierd is, de saneamde Dongeradielster brekking. Dêrtroch seit men yn it Noardhoekske gebiet bygelyks fan muolle foar it Standertfryske "mûle", buosse foar "bûse" en buotter foar "bûter".

Ferhâlding mei oare Fryske dialekten

bewurkje seksje

Fan oarsprong is it Noardhoeksk, dat sprutsen wurdt op 'e Klaai benoarden de Wâlden, in oergongsfoarm tusken it Klaaifrysk en it Wâldfrysk. Dêrby liket paradoksaal genôch it Westnoardhoeksk, dat grinzget oan it Klaaifryske haadgebiet, minder op it Klaaifrysk as it Eastnoardhoeksk. Dat komt om't it Wâldfrysk stadichoan it Noardhoekske gebiet tusken Ljouwert en Dokkum ynkringt, mar net dat beëasten Dokkum. Sa kin it bygelyks, dat der om 'e fyfde finger oan te tsjutten bewesten Dokkum de Wâldfryske foarm tûme en beëasten Dokkum it Klaaifryske tomme brûkt wurdt. Dêrnjonken besteane der trouwens ek wol wurdfoarmen dy't ornaris foar Wâldfrysk oanmurken wurde, mar dy't yn it hiele Noardhoekske gebiet brûkt wurde, lykas riuwe (Klaaifrysk: harke).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)