Biltske Beweging
De Biltske Beweging is in ynformele maatskiplike streaming op it Bilt, dy't basearre is op in troch de eigen kultuer en Biltske taal basearre gefoel fan mienskip mank de Bilkerts as etnyske groep. Dat mienskipsgefoel giet tebek oant de iere skiednis fan it Bilt, doe't dy krite oan it begjin fan 'e sechstjinde iuw bedike waard. De Biltske Beweging as streaming ûntstie lykwols pas yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw, foar in part ûnder ynfloed fan en yn 't earstoan yn opposysje tsjin de Fryske Beweging. Wat dat oangiet hat de Biltske Beweging in soad wei fan 'e Stellingwerver Beweging.
Fan âlds hawwe de Bilkerts in dúdlik ûnderskiedbere eigen identiteit, dy't troch de iuwen hinne in fruchtbere fiedingsboaiem bliek foar politike streamings fan alderlei mêd, lykas patriottisme, liberalisme, sosjalisme en anargisme. De njoggentjinde-iuwske Fryske skriuwer Waling Dykstra, dy't sels fan berte in Bilkert wie, spile as ien fan 'e earsten yn op 'e Biltske eigenheid troch ferskate boekjes oer aktuële fraachstikken yn it Biltsk út te bringen. Yn 'e tweintichste iuw wiene it Hartman Sannes en Hotze Sytses Buwalda dy't grûnlizzende publikaasjes skreaune oer de Biltske taal en skiednis. As medium tsjinne faak de Bildtse Courant en nei de Twadde Wrâldoarloch de Bildtse Post.
Sûnt 1980 rekke de Biltske Beweging yn in streamfersnelling, wat feroarsake waard troch de dat jiers ynfierde ferplichting fan ûnderwiis yn it Frysk. Op it Bilt joech dat in protte trelit, en waard de Stichting Ons Bildt oprjochte om it 'Fryske ymperialisme' te kearen. Nei in krêftmjitting krigen de net-Frysktalige dielen fan Fryslân de mooglikheid om ûntheffing fan 'e ferplichting oan te freegjen. Dêrfoaroer stie dat der dan wol lesjûn wurde moast yn 'e eigen taal, kultuer en/of skiednis. Om foar Biltsktalich lesmateriaal te soargjen, waard doe de Kemissy Bildts yn it libben roppen, dy't him yn 1999 ûntjaan soe ta de Kemissy Meertalighyd. It Bildts Dokumintasysintrum, dat sûnt 1990 bestiet, sammelet al it âlde foto- en filmmateriaal oer it Bilt en makket it digitaal beskikber. Yn 1999 ûntstie de Aerden Plaats, in kultureel besikerssintrum dat him njonken it ferskaffen fan toeristyske ynformaasje taleit op skiednis, kultuer en keunst. Sûnt 2015 binne alle neamde organisaasjes feriene yn 'e Stichting Bildts Aigene,
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 290. |