De Bildtse Post wie in streekkrante foar It Bilt,[1] dy't fierhinne yn it Biltsk ferskynde.[1] It blêd waard alle wiken op woansdei útbrocht as abonneeblêd, wylst in tinnere ferzje hûs-oan-hûs rûnbrocht waard as advertinsjeblêd.[1] Anno 2020 wurken der fjouwer minsken by de Bildtse Post, wêrfan't ien de hiele redaksje die.[1] Mids 2021 waard de krante opheft.[2][3]

Bildtse Post
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Biltsk[1]
sjenre streekblêd[1]
frekwinsje 1 × wyks[1]
bestean 1935[1]2021[2]
oprjochter Dirk de Jong[1]
plak haadred. Sint-Anne[1]
útjouwer Drukkerij Van Leer & De Jong[2]
oplaach 16.000 (1 jann. 2020)
  4.000 (1 aug. 2020)[1]
tal abonnees 1.300[1]
offisjele webside
www.bildtsepost.nl

Skiednis bewurkje seksje

De Bildtse Post waard yn 1935 oprjochte op inisjatyf fan sjoernalist Dirk de Jong (1898-1966)[1][2] doe't hy en mei-oprjochter Binne van Leer[1][2] spul krigen mei de lokale drukkerij Hoekstra.[1] Under de Twadde Wrâldoarloch ferskynde de krante fan 1941 ôf net, mei't De Jong wegere der nazy-Dútske propaganda yn op te nimmen en de krante dêrom gjin papier mear krige.[1] Nei de oarloch ferskynde de Bildtse Post as abonneeblêd mei in soad lanlik en ynternasjonaal nijs.[1][2] Letter waarden mear en mear berjochten út It Bilt en omkriten opnaam.[1][2]

De haadredaksje fan 'e Bildtse Post gie neitiid fan De Jong oer op soan Gerryt Dirks de Jong en noch wer letter op pakesizzer Gerard de Jong.[1] De redaksje seach de krante ek as hoeder foar it Biltsk en is tige aktyf as ûnderdiel fan 'e Biltske Beweging.[1][2]

Yn 2020, doe't fanwegen de wrâldwide pandemy fan it koroanafirus de ynkomsten út advertinsjes bot weromrûnen, krige de Bildtse Post der paradoksaal genôch foar it earst yn hast twa desennia abonnees by (yn totaal sa'n 30),[1] wêrmei't it totaal tal abonnees útkaam op 1.300.[1] Nettsjinsteande dat moast de krante dat jiers 75% fan 'e fergese hûs-oan-hûsoplaach skrasse fanwegen de mei 30% weromrinnende ynkomsten út 'e advertinsjeferkeap.[1][2] Sadwaande waard de Bildtse Post fan 1 augustus 2020 allinnich noch mar hûs-oan-hûs rûnbrocht op it eigentlike Bilt, en net mear yn oanbuorjende doarpen lykas Seisbierrum, Berltsum en Hallum.[1] De hûs-oan-hûsoplaach gie dêrmei werom fan 16.000 nei 4.000 eksimplaren.[1]

Mids maart 2021 waard bekendmakke dat de Bildtse Post nei 86 jier ophâlde soe te bestean.[2][3] Direkteur Dirk de Jong hie de pinsjoenberjochtige leeftyd berikt en stapte derút, en hy hie ek nei lang sykjen net ien fine kind dy't it bedriuw oernimme woe.[2][3] Syn soan Gerard de Jong wie ûnderwilens wol haadredakteur wurden, mar hy seach himsels as sjoernalist en woe gjin direkteur wurde.[2][3] Nettsjinsteande jierrenlang besykjen wie it ek net slagge om 'e Bildtse Post ûnder te bringen by in oar, gruttere útjouwerij.[2][3] De opheffing fan 'e krante betsjutte in klap foar it Biltsk.[2][3] De lêste edysje fan 'e Bildtse Post ferskynde op 30 juny 2021.[3]

Ein juny 2021 waard bekend dat útjouwerij Heidstra Media in nij krantsje útbringe soe[4] dat Nije Bildtse Post komme soe te hjitten.[5] It gie net om in fuortsetting fan 'e streekkrante, mar om in nij hûs-oan-hûsblêd nei foarbyld fan De Westereender, in oare útjefte fan Heidstra Media.[4] It bedriuw hie tastimming krigen fan Drukkerij Van Leer & De Jong om deselde titel te brûken.[4] It nije blêd sil ienris yn 'e moanne fergees ferskine en it is de bedoeling dat der ek omtinken yn jûn wurde sil oan 'e Biltske taal en kultuer.[4] Yntusken moast ek dit blêd yn septimber 2023 belies jaan[6].

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 1,21 1,22 1,23 1,24 {{{1}}}.
  2. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 3,6 Santema, Pier Abe, Na 86 jaar einde voor "Bildtse Post", yn: de Ljouwerter Krante, 18 maart 2021, s. 25.
  3. 4,0 4,1 4,2 4,3 ——, "Bildtse Post" krijgt toch opvolger, yn: de Ljouwerter Krante, tongersdei 24 juny 2021, s. 21.
  4. Hilbrands, Myrddin, "Nije Bildtse Post" met vreugde ontvangen, yn: de Ljouwerter Krante, 15 septimber 2021, s. 26.
  5. https://www.omropfryslan.nl/nl/nieuws/1222258/het-doek-valt-voor-de-nije-bildtse-post-de-krant-kan-financieel-niet-uit