Meertens Ynstitút
It Meertens Ynstitút (MY) yn Amsterdam is in ûndersyksynstitút fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).
Op it MY wurdt ûndersyk dien nei taal en kultuer. De twa ôfdielingen binne: Nederlânske etnology, rjoche op lânseigen en lânsfrjemde kultueren yn Nederlân en harren ynteraksje, en Fariaasjelinguïstiek, rjochte op taalstruktuereel-, dialektologysk- en sosjolinguïstysk ûndersyk nei taalfariaasje yn it Nederlânsk yn Nederlân, mei in klam op grammatikaal en nammekundich ferskaat. De ûndersiken binne tsjintwurdich fral op dizze tiid oriëntearre: der wurdt socht nei in ferbân mei it hjoeddeiske mienskiplik libben en aktuele ûntjouwingen.
It Ynstitút ûntstie op 1 jannewaris 1948 troch it fearfoegjen fan it Dialekteburo fan de KNAW mei it Buro foar Folkskunde en it Buro foar Namekunde. De sekretaris fan de trije buro's, P.J. Meertens, waard de earste direkteur, oant syn pensjonearring yn 1965. Yn 1979 waard it ynstitút werneamd ta P.J. Meertens-Ynstitút.
It hat model stien foar Het Bureau yn de romanrige fan J.J. Voskuil, dy't dêr sels jierrenlang wurke (1957-1987).
Sûnt 1998 is de namme Meertens Ynstitút.[1] By it ynstitút is sûnt 2001 ek it sekretariaat fan it SIEF, it International Society for Ethnology and Folklore, ûnderbrocht.
FeitebankenBewurkje
It Meertens Ynstitút hat in oantal iepenbiere databanken:
- Beafeart en Beafeartsplakken yn Nederlân (BiN),
- Nammen en Namekunde yn Nederlân,
- Nederlânske Famyljenammen Databank (NFD),
- Plantenammen yn de Nederlânske Dialekten (PLAND),
- Nederlânske Lietebank fan it Dokumintaasje- en ûndersykssintrum (DOC) fan it Nederlânske liet,
- Nederlânske Folksferhalebank fan it DOC Folksferhaal.
DirekteurenBewurkje
Namme | Perioade |
---|---|
Piet Meertens | 1948-1965 |
Dick Blok | 1965-1986 |
Jaap van Marle | 1986-1997 |
Hans Bennis | 1998-2016 |
Antal van den Bosch | 2017-no |
Keppelings om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|