Klaas Hanzen Heeroma

(Trochferwiisd fan Klaas Heeroma)

Klaas Hanzen Heeroma (Hoarn (Skylge), 13 septimber 1909 - Grins, 21 novimber 1972) wie in Nederlânsk dichter en taalkundige. Heeroma skreau ûnder it pseudonym Muus Jacobse, de namme fan ien fan syn foarâlden fan memmekant, dy't fisker op it eilân Marken west hie.[1] [2].

Heeroma (1966)

Klaas Hanzen Heeroma waard berne op Skylge. Yn 1928 gong Heeroma yn Leien Nederlânsk studearjen. Yn 1935 promovearre er by G. Kloeke mei Hollandse dialekstudies dat ûnder oaren oer it Frysk gie. Nei't er in skoftke learaar yn Wassenaar en Leien west hie, waard er yn 1936 beneamd ta meidogger oan it Woordenboek der Nederlandsche taal te Leien, dêr't oan 't wurk bleau oant syn beneaming yn 1948 ta heechlearaar yn de Nederlânske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Yndoneezje te Djakarta. Yn 1953 waard er de earste heechlearaar yn de Nedersaksyske taal- en letterkunde te Grins.

Heeroma hat yn ferskate artikels oer de Fryske taal skreaun; ûnder oaren yn de Nieuwe Taalgids en yn de Vrije Fries (VF XXXVI, 1941, 79-101).

Yn 1952/1953 wie er ien fan de dichter dy't op de Pietersberg yn Oosterbeek wurke oan de nije psalmberiming. Dizze dichters skreaunen en fertaalden ek in grut ta gesangen om sadwaande in nij lieteboek gear te stallen. Dat waard it Lieteboek foar de Tsjerken dat yn 1973 ferskynde en yn in protte tsjerkegenoatskippen en tsjerken ynfierd waard. It nije lieteboek befette twa oersettings út it Deensk, fiif út it Dútsk en 29 eigen gesangen. Fan de psalmen binne 22 berimingen yn it lieteboek fan Heeroma's hân en njoggen berimingen hat er yn 'e mande mei in oar dien. In teologysk boek fan him is: Nader tot een taaltheologie.

Heeroma wie foarsitter fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde, lid fan de ôfdieling Letterkunde fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen, (KNAW), en bûtenlânsk earelid fan de Keninklike Flaamske Akademy.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Heeroma, Klaas Hanzen.

  1. Webside fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde
  2. Schrijversinfo.nl, mei wiidweidige bibliografy