Baukje Zijlstra
Baukje Zijlstra (Dokkum, 16 april 1967) is in Fryske skriuwster, redaktrise en oersetster út Frjentsjer. Mei har ferhalen wûn Zijlstra trije kear de Rely Jorritsmapriis. Yn 2019 wûn se de Douwe Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazadebút foar har debútroman De koma-korrektor.[1]
Baukje Zijlstra | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Baukje Zijlstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 april 1967 | |
berteplak | Dokkum | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | ferhalen, roman | |
perioade | 21e iuw | |
prizen | Rely Jorritsmapriis, Douwe Tammingapriis | |
offisjele webside | ||
Hiemside fan Baukje Zijlstra |
Biografy
bewurkje seksjeBaukje Zijlstra studearre oan de Akademy foar de Sjoernalistyk, PABO Mariënburg yn Ljouwert, Nederlânsk oan de RUG, Kultuerwittenskippen oan de OU en oan de toanielakademy yn Brussel. Neidat se yn 1994 in jier dosint Nederlânsk west hie yn Brussel wurke se as korrektor by de Ljouwerter Krante, letter waard se redakteur by oare bedriuwen lykas Terra Lannoo.
Se begûn al jong mei skriuwen. Sa waard op har achtste al in gedicht fan har publisearre op de berneside fan it Frysk Deiblêd. Yn 2013 ferskynde har earste ferhaal yn Ensafh. Har Nederlânske ferhalen binne publisearre yn De Revisor.
It literêre programma Grinsgongers dat se dwaan soe mei Sytse Jansma koe yn 2021 net trochgean troch de koronamaatregels.[2]
Wurken
bewurkje seksjeRomans
bewurkje seksje- De koma-korrektor (Afûk, 2018) [3] ISBN 9789492176806
Ferhalebondels (mei oaren)
bewurkje seksje- Gouden tijden, zwarte bladzijden (Sporen) (2013)
- It grutte foarlêsboek (Hjerstkat) (2013)
Ferskaat
bewurkje seksje- Thuis in Friesland (2008) ISBN 9789058978516
Oersettings
bewurkje seksje- Wat wy seagen (boekewikegeskink 2021) ISBN 9789059658776
- Leon & Juliette (boekewikegeskink 2020) ISBN 9789059655140
Prizen (karút)
bewurkje seksje- Douwe Tammingapriis foar De koma-korrektor (2019)
- Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Nacht(2016)
- Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Oer it hynder (2014)
- Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Skrabje (2013)
- Publykspriis Indische bladzijde (2013) mei it ferhaal Grenadine
- Earste priis Oersetwedstriid by de Gysbert Japicx-nominaasjes foar de oersetting fan it Frysk nei it Nederlânsk fan it gedicht De gongen út de bondel'Ikader' fan Eeltsje Hettinga (2013)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|