Lolkje Hoekstra, (Hilaard, 3 septimber 1968) is in Frysk skriuwster fan ferhalen en toanielstikken..

Lolkje Hoekstra

Groeide op yn Hilaard, dêr't har heit skoalhaad wie. Nei it ateneum gie se nei Grins foar in stúdzje ekonomy dy't se net ôfmakke. Fia studinteferiening Bernlef folge se in kursus toanielskriuwen by Bouke Oldenhof. Se skreau net allinnich toaniel, mar besocht it ek mei koarte ferhalen. Yn 1993 wûn se mei it ferhaal Under de linebeammen, de doe krekt ynstelde Afûk-jongereinpriis. Twa kear krige se dêrnei in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal: yn 1994 foar De fisk en yn ’95 foar Alfa Romeo, in lust foar de leafhawwer. Lolkje Hoekstra skriuwt faak oer minsken dy’t har ferlitten en iensum fiele. Ienlingen, dy’t soms dochs de krêft fine om har oan har situaasje te ûntwrakseljen. Hoekstra publisearret yn literêr tydskrift Hjir en yn De Moanne / Trotwaer. Skôgings skreau se foar it blêd Frysk & Frij yn de perioade 1994-1997.

Artistyk lieder Jos Thie fan toanielselsskip Tryater, frege yn 1994 in tal jonge Fryske toanielskriuwers om in ienakter te skriuwen oer it tema ‘Leafde yn Fryslân’. Lolkje Hoekstra wie ien fan de tsien jonge auteurs dy’t dêrfoar in bydrage leveren. De kollage waard yn it seizoen 1994/95 opfierd ûnder de titel ‘Hertejacht’. Fan de toanielfoarstelling Roeland & Jolina, vrij naar Romeo en Julia van William Shakespeare, in Hollânsktalige bewurking fan Wouter Daane, sette se de tekst oer yn it Frysk. It is yn 2002 opfierd troch jongerengroep Frats. Se wurke ek as tekstskriuwster mei oan Rozen & rottigheid, dat yn 2004 yn Warns opfierd waard. Fierders leveret se geregeld oersettings foar stikken dy’t spile wurde troch ferskate selskippen, wêrûnder selskip Sult.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: