Fedde B. Dijkstra fan Wurdum is in registertolk en registeroersetter en beëdige oersetter Dútsk en Frysk en foarsitter fan de Oarder fan Registertolken. Neist tolk Frysk-Nederlânsk, is hy tolk Dútsk-Nederlânsk. Dêrneist is er sûnt 1991 eigener fan oersetburo It Ljocht yn Wurdum.

Fedde Dijkstra
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Fedde B. Dijkstra
wurk
taal Frysk, Dútsk
streaming tolk
bekendste
  wurk(en)
kursus ‘Stavering’
prizen Fear yn 'e Broek

Nei it vwo yn Ljouwert studearre er Frysk en Dútsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Yn 2018 studearre er ôf yn de rjochting Strafrjocht & Kriminology.
Sûnt 1986 wurke hy as learaar Frysk en Dútsk oan skoallemienskip Oostergo yn Dokkum, it Steedlik Gymnasium en it Friesland Kolleezje yn Ljouwert. Sûnt 1986 wie er boppedat learaar Frysk by de Afûk en ferskynde syn kursusboek ‘Stavering’.

Fedde Dijkstra hie him as rjochtbanktolk Frysk al jierren tige fertsjinstlik makke om Friezen dy’t yn Fryslân foar de rjochter ferskynden, yn de gelegenheid te stellen Frysk te praten. As foarsitter fan de feriening fan gerjochtstolken hat Dijkstra striden foar in (gâns) hegere finânsjele beleanning foar gerjochtstolken.
Dijkstra brocht yn 2021, 70 jier nei Kneppelfreed (16 novimber 1951), mei aksjes it rjocht fan Friezen om har memmetaal te brûken foar de rjochter, yn it omtinken te bringen fan de lanlike media en de Haachske politisy. As lêste aktive sertifisearre rjochtbanktolk kundige Dijkstra ein 2021 nei tritich jier oan dat er net langer beskikber wie as rjochtbanktolk omdat der te min steun wie fanút De Haach. Ek al meidat de fêste tolketariven ûnderhannelber waarden.[1]

Fear yn 'e Broek

bewurkje seksje

Yn 2021 krige Dijkstra fan de De Ried fan de Fryske Beweging de saneamde Fear yn 'e Broek. De priis waard útrikt op sneon 27 novimber yn it skoft fan de Fedde Schurerlêzing yn de Koperen Tún yn Ljouwert. De priis bestiet út in hânmjittich ynkleure, orizjinele linofyk fan byldzjend keunstner Fedde Hoekstra en in oarkonde.

Yn 2006 en 2016 wûn Dijkstra it 'Grut Frysk Diktee'.

  • A-boek hantlieding, Afûk 2010
  • Overzicht van de spellingsregels van het Fries, Afûk, Ljouwert 2006
  • List fan nammen fan lannen (Fryske nammen, 2006)
  • List fan nammen fan talen (Fryske nammen, 2006)
  • Kursus Stavering, 1996 ISBN 9789062734535
  • Skoalwurkplan foar in brêgeklasse: skoalwurkplan makke yn it ramt fan 'e kolleezjes didaktyk fan 'e fakgroep Fryske taal- en skriftekennisse oan 'e Ryksuniversiteit Grins/Groningen, ûnder begelieding fan drs. P. Breuker (1988)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsje