Johannes Spyksma (Burgum, 1938) is in Frysk ûnderwizer, skriuwer, publisist en politikus. Spyksma siet 17 jier yn de Fryske Steaten foar de PvdA. Fan 1978-1992 wie hy lid fan Provinsjale Steaten.

Nei syn universitêre oplieding yn de Sosjale Wittenskippen wie hy yn Ljouwert dosint by it Sosjaal Heger Underwiis.

Sûnt 1990 hâlde spyksma him yn ferskate stúdzjes dwaande mei it tema leefberheid.

Weefmethoade

bewurkje seksje

Nei 1994, doe't Spyksma promovearre op it ûnderwerp 'Politike beynfloeding', hat er - gebrûk meitsjend fan in eigen dêrta ûntwikkele leefberheidskonsept - 'De Weefmetoade' ûntwikkele, dêr't bewenners de leefberheid fan har leefgebieten mei fersterkje kinne. Yn It bêste lân fan ‘e ierde draacht er materiaal oan dat yn Fryslân dêr by brûkt wurde kin. Hy jout yn in rige oanslutende essees in byld fan de stân fan saken oangeande Fryslâns leefberheid.

Spyksma hold er him mei syn stifting Frija (oprjochte yn 1998) dwaaande mei de leefberheid fan Fryslân. Mei in film reizge hy de doarpshuzen lâns om dêrnei mei de bewenners yn petear te gean, dat se sels mei plannen komme koenen. As politijus fersette hy him tsjin de 'ferminskliking’ fan de natoer. Johannes Spyksma hat bydroegen oan it fûnemint fan kennis oer it Fryske libbene erfguod, dat hy beskôget as in essinsjeel ûnderdiel fan de Fryske identiteit.

Wurkferbân Fryske Rassen

bewurkje seksje

Spyksma wie bestjoerslid fan it Wurkferbân Fryske Rassen. Dit wurkferbân stribbet nei behâld fan lânbougewaaksen dy ’t har oarsprong yn Fryslân fine of der oan besibbe binne. It doel is ûnder oare it yn stân hâlden en befoarderjen fan (agro)bioferskaat. De eigenskippen fan dizze gewaaksen sille yn de takomst fan grut belang wêze. Troch se te behâlden en ta te passen, wurde weardefolle spoaren út de kultuerskiednis bewarre dy ’t eardere lânbouaktiviteiten neilitten ha.

Spyksma hat yn Drachten nei de kweekskoalle west en hat nei it beheljen fan de ûnderwizersakte in simmerskoft by de Drachtster Krante wurke. Yn dy simmer makken se ek in opname fan in eksperiminteel harkspul fan dichter Jelle de Jong, letter dûmny yn België. Spyksma krige dêrtroch kontakt mei Jo Smit dy ’t de einredakteur by de Fryske Utstjoering fan de Regionale Omrop Noord en Oost wie en him nei syn tsjinsttiid by de Fryske Utstjoering oanstelde. Nei trije jier waard Spyksma toanieladviseur by de NATU yn Fryslân. Dat betsjutte dat hy by ferskate toanielferienings helpe moast by it ynstudearjen fan harren stikken.[1]

Nei syn boek Tiden hawwe tiden oer it Frysk libben erfguod kaam in jier letter Het onvoltooide Friesland. Spyksma jout dêryn 103 portretten fan Friezen dy ’t ferskil besochten te meitsjen. Yn 2016 folge de publikaasje Mei waar en wyn. Syn boek Fryslân als (open) gemeenschap is in mozayk fan de Fryske skiednis en jout in beskriuwing fan de stân fan saken op it mêd fan ienentweintich maatskiplike terreinen.

Yn 2002 wûn hy de Rely Jorritsmapriis mei syn ferhaal De misrekken.

  • Skerp oan ‘e wyn (2021)
  • Fryslân als (open) gemeenschap – opzoek naar een ideaal (2019)
  • Het onderhouden en vermeerderen van het Friese fruit (2017)
  • Fan Fryslâns grûn (2017)
  • Tiden hawwe tiden (2017)
  • Werken aan verscheidenheid (2017)
  • Friese landbouwgewassen (2017)
  • Friese rassen en gewassen en educatie (2017)
  • Friese rassen en gewassen en dorps- en stadslandbouw (2017)
  • Friese rassen en gewassen en grondeigenaars (2017)
  • Friese rassen en gewassen en natuurinclusieve landbouw (2017)
  • De Friese rassen en gewassen en receptuur, kookkunst en gastronomie (2017)
  • Friese rassen en gewassen en ruimtelijke kwaliteit (2017)
  • Friese rassen en gewassen en streekproducten (2017)
  • Een globale beschrijving van in Fryslân gesignaleerde oorspronkelijke houtige gewassen (2017)
  • Een globale beschrijving van de Friese en met Fryslân verwante dierenrassen (2017)
  • Een globale beschrijving van de Friese en met Fryslân verwante fruitrassen (2017)
  • Een globale beschrijving van de landbouwgewassencollectie van het Werkverband Friese rassen (2017)
  • Friese dierenrassen (2017)
  • Het fokken van de Friese of met Fryslan verwante dierenrassen (2017)
  • Het Friese fruit (2017)
  • 'Boss One Arm´ and his ancestors and descendants
  • Johannes Piers Spijksma (1853-1933) (2016)
  • De wonderlijke levensloop van Bintje - manusje-van-alles onder de aardappels (2016)
  • 'Baas Ienearm´ en zijn voor- en nageslacht Johannes Piers Spijksma (8 januari 1853-10 mei 1933) (2016)
  • Mei waar en wyn (2016)
  • Fryslân in tegenlicht - een verkenning van Fryslân's leefbaarheid vanaf de eerste bewoners tot en met het jaar 2000 (2012)
  • Het onvoltooide Friesland - honderd-en-drie portretten van Friezen die verschil probeerden te maken (2010)
  • Tiden hawwe tiden - de provinciale agrarische geschiedenis en de taken van het Kenniscentrum Friese Rassen te Sumar (2009)
  • Lok wat jouste (2008)
  • Under ’t mes - sân sketsen oer dizze tiid (2008)
  • Zijn of niet zijn - een zoektocht naar de mogelijkheid van … (2008)
  • Het Kenniscentrum voor Friese en met Fryslân verwante rassen (2007)
  • Beleidsplan 2008-2012 - zijn of niet zijn (2007)
  • Zeldzame of oorspronkelijke Friese nutsplantenrassen (2007)
  • It beste lân fan ierde - oer Fryslâns leefberheid (2006) ISBN: 9065703578
  • De landgeit (2005)
  • Seldsume of oarspronklik Fryske diererassen (2005)
  • In trageedzje fol fersinnen, of hoe't de skriuwer by syn wurksumheden foar it doarp Sumar troch it bestjoer fan de 'Feriening fan Doarpsbelangen' sûnder dat syn doarpsgenoaten it keare woene of koene oan 'e kant set waard (2005)
  • Zeldzame of oorspronkelijke Friese plantenrassen (2005)
  • Het Friese paard (2005)
  • Friese schapen (2005)
  • Friese honden (2005)
  • Zeldzame of oorspronkelijke Friese dierenrassen (2005)
  • De nije tiid - sân ferhalen oer no (2002)
  • De macht is van ons allen - zeven opstellen over het Friese provinciaal beleid (2002)
  • It spul fan wearden en belangen - oer Fryslân’s leefberheid (2001)
  • Behâlde troch te feroarjen - nei in leefber Fryslân (1999)
  • Een weg naar leefbaarheid (1999)
  • Behouden door te veranderen - naar een leefbaar Friesland (1999)
  • De Grutfryske misêre (1997)
  • Op weg naar een theorie voor de praktijk van leefbaarheid (1996)
  • Handboek politieke beïnvloeding (1995) ISBN 906473301
  • De smalle marge (1994)
  • Buiten de pikorde van PvdA-Statenlid tot eenmansfractie, De Oare útjouwerij, Ynskedee (1993)

Toanielstikken

bewurkje seksje
  • It goudene ûleboerd - grutte ienakter (2005)
  • Boer bliuwe - in toanielstik yn trije bedriuwen (2002)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De methoade Spyksma, Omrop Fryslân Weromrop
  • 'In de bres voor gewas en ras met reeks brochures en naslagwerken', Leeuwarder Courant 27 maart 2018

Referinsje

  1. Friese koerier, 12 july 1966