Ate Grypstra
Ate Grypstra (Noardburgum, 5 maart 1973) is in Frysk skriuwer en dosint Ingelsk en Frysk op it Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert. Hy studearre Ingelske Taal- en Letterkunde en Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Mei syn frou en trije bern wennet er yn Bûtenpost.
Biografy
bewurkje seksjeSûnt jannewaris 2005 skriuwt er yn it Frysk. Hy debutearre yn it literêre tydskrift Hjir mei in koart ferhaal. Dêrnei folgen publikaasjes yn allerhanne media.
Neist proaza skriuwt Grypstra gedichten en resinsjes en docht er oersetwurk, dat fral út it Ingelsk wei. Hy hat foardrachten hâlden op it Literêr Sirkwy en op it Grinzer poëzijfestival Dichters in de Prinsentuin. Fierders hâldt er in skriuwersdeiboek by op it ynternet. Hy wurke ek mei oan it Frysk Cash projekt, hy sette trije ferskes oer. Yn 2011 is de cd útkommen, de earste printinge fan de cd (5000 stiks) wie gau útferkocht.
Yn april 2008 kaam by útjouwerij Afûk syn debútbondel Heftich út, in boek mei 15 koarte jeugdferhalen. Fan it boek waarden sa'n 500 eksimplaren ferkocht, wat in goed oantal is foar in begjinnende Fryske skriuwer. Yn 2010 ferskynden de berneboekjes Tsjang Tsjin Tiid en Rinze Hat de Hik. Yn 2013 folge it berneboekje Tsjang en de Taaldief. Begjin septimber 2011 kaam by de Afûk de earste roman út fan Grypstra, dat de titel It beest fan de Westereen draacht. It boek is in thriller, miskien sels wol in horrorboek. It genre wurdt ek beneidrukt troch de sin dy't foaryn it boek stiet: "Troch Steven Kingma, besoarge troch Ate Grypstra". Steven Kingma stiet dêryn foar Stephen King. It ferhaal spilet him ôf yn de jierren tachtich, yn dy tiid ûntdekt in professor in manuskript, dat er graach útjaan wol. Omdat Grypstra keazen hat om it ferhaal him ôf spylje te litten yn it doarpke De Westereen, is it boek ek skreaun yn it Westereendersk.
Heal novimber 2012 ferskynde de twadde roman fan Grypstra: Grutte Pier: Krús fan de Hollanner. It boek oer Grutte Pier ferskynde earst yn it Frysk, letter sille oersettings yn it Nederlânsk en Ingelsk folgje. Om dat boek hinne waard ek in nije game fan Triangle Studios makke.
Sûnt 2009 is Grypstra redakteur fan De Moanne. Yn 2011 siet Grypstra ek yn de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis fan dat jier. Hy die dat mei Sietske de Jong en Willem Verf. Fierders sit er ek yn de sjuery foar de Junior Rely. Grypstra wie dêrnjonken ek belutsen by it ta stân kommen fan 'e Fryske oersettings fan sawol It Selskip fan de Ring (2011), as De Twa Tuorren (2016), de earste beide dielen fan 'e trilogy The Lord of the Rings, fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien. It eigentlike fertaalwurk waard dêrby dien troch dû. Liuwe H. Westra, predikant en universitêr meiwurker te Lollum; Grypstra wurke mei as korrektor en ferliende ferskate organisatoaryske hân- en spantsjinsten. Yn it ferlingde dêrfan is er siktaris fan 'e Stifting Fryske Tolkien.
Yn 2009 waard him troch studinten fan de NHL de Bongelboekepriis takend foar syn boek Heftich. Oant twa kear ta krige er in Blyk fan Wurdearring fan it Rely Jorritsma Fûns en yn 2015 waard in fers fan him bekroane mei in priis.
Bibliografy
bewurkje seksjeJeugdromans
bewurkje seksje- 2011 : It beest fan de Westereen
- 2012 : Grutte Pier: Krús fan de Hollanner
- 2014 : Femke faalt (e-boek)
Jeugdferhalen
bewurkje seksje- 2008 : Heftich
Berneboeken
bewurkje seksjePrizen
bewurkje seksje- 2009: De bongelboekepriis (priis takend troch studinten fan de NHL)
- 2015: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht De stêd: in sang
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |