It Selskip fan de Ring

It Selskip fan de Ring, yn it oarspronklike Ingelsk: The Fellowship of the Ring, is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973). Yn 'e mande mei De Twa Tuorren en De Kening Komt Wer makket it diel út fan 'e epyske trilogy Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings), dy't Tolkien syn wiidweidichste en bekendste wurk is. The Fellowship of the Ring, dat it earste diel fan 'e trilogy is, fertelt it ferhaal fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (Ingelsk: Frodo Baggins), dy't troch beërf yn it besit komt fan 'e Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron. Mei acht oaren ûndernimt er dan in gefaarlike kweeste om 'e ring werom te bringen nei de fjurren fan 'e Doemberch, yn it fiere en yslike lân Mordor, dat it iennichste plak is dêr't it nuodlike ding ferneatige wurde kin. De roman waard foar it earst publisearre yn 1954; yn 2001 kaam de populêre en bekroande ferfilming The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring fan regisseur Peter Jackson út. De Fryske oersetting fan it boek, fan 'e hân fan Liuwe Westra, is út 2011.

It Selskip fan de Ring
algemiene gegevens
oarspr. titel The Fellowship of the Ring
auteur J.R.R. Tolkien
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 1954, Londen
oarspr. útjwr. George Allen & Unwin
rige
rige The Lord of the Rings
● foarich diel gjint (is 1ste diel)
● folgjend diel The Two Towers
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Selskip fan de Ring
publikaasje 2011, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Frysk en Frij / Elikser
oersetter dû. Liuwe H. Westra
ISBN oers. 978-9 08 56 60 224

The Fellowship of the Ring omfettet twa subdielen, titele Boek I en Boek II, mei dêroan foarôfgeande in útlizzerige prolooch dy't de lêzer yn in sabeare non-fiksjestyl oer beskate saken eftergrûnynformaasje ferskaft dy't net beslist nedich is om it ferhaal begripe te kinnen. De roman is in streekrjocht ferfolch op Tolkien syn eardere berneboek The Hobbit, út 1937, en dat is oan 'e earste pear haadstikken te merken, dy't yn deselde styl as The Hobbit skreaun binne. Geandewei feroaret de toansetting lykwols nei in mear folwoeksen ferhaal. Tolkien wie sels oarspronklik fan doel om The Lord of the Rings yn ien bân út te jaan, mar syn útjouwer besleat om der in trilogy fan te meitsjen. Dat is dan ek de reden foar de frij abrupte ein fan The Fellowship of the Ring.

It ferhaal spilet yn in net neier oantsjutte (en optochte) oertiid fan ús wrâld tusken de opkomst fan it feeëryk en de hearskippij fan 'e minske.

It Selskip fan 'e Ring iepenet mei de hûndertalfde jierdei fan 'e hobbit Bilbo Balsma, op deselde deis dat syn omkesizzer en oannommen erfgenamt Frodo Balsma 33 jier en dêrmei mearderjierrich wurdt. Mei it jierdeisfeest nimt Bilbo ôfskie fan famylje, freonen en goekunde en dêrnei ferlit er foargoed it Goa, it fredige lantsje fan 'e hobbits. Hy lit Frodo alles nei dat er net meinimt, te witten syn hûs yn Hobbitum mei alle húsrie, en, nei frijwat oantrún fan syn freon, de tsjoender Gandalf, ek syn magyske ring, dy't de drager ûnsichtber makket en dy't er op in eardere reis om utens yn besit krigen hat (sjoch: De Hobbit). Gandalf hat sa syn fermoedens oer de ring en foar't er ôfset om syn eigen affearen te berêden, warskôget er Frodo om it ding geheim te hâlden.

Yn 'e santjin jier dy't dêrop folgje komt Gandalf út en troch ris by Frodo oer de flier, oant er op in maitydsjûn wer delkomt om him te fertellen dat er einlings en te'n lêsten de wierheid oer de ring ûntdutsen hat. It is de Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron, dy't him smeid en der in grut part fan syn krêften yn lein hat om troch de ring syn oerhearsking fan Middenierde te beävensearjen. Yn 'e Oarloch fan it Lêste Ferbûn waard Sauron lykwols ferslein en ûnder fuotten helle troch Gil-galad, de kening fan 'e elven, en Elendil, de hege kening fan 'e minskene riken fan Arnor en Gondor, al sneuvelen dy dêrby sels. Isildur, Elendil syn soan en erfgenamt, snie Sauron de ring fan 'e finger, mar ynstee fan him te ferneatigjen, hold er him foar himsels. Op syn weromweis nei it noarden waard Isildur lykwols yn 'e Liezefjilden, oan 'e igge fan 'e Anduin, de Grutte Rivier, oerfallen troch oarken. Wylst er mei de ring om, ûnsichtber, de rivier oer besocht te swimmen, glied it ding him fan 'e finger, sadat de oarken him sjen en deasjitte koene. De ring bedarre op 'e boaiem fan 'e Anduin, dêr't er in ûnwitber skoft letter by tafal opdûkt waard troch de hobbit Déagol. Dy syn freon Sméagol, dy't it begear nei de ring daliks al oermânsk waard, fermoarde Déagol dêrop en hold it sieraad foar himsels. Ferstjitten fanwegen syn misdie loek Sméagol him dêrnei werom yn 'e dûnkerste grotten ûnder de Diisbergen, dêr't er de ring withoelang yn syn besit hold, mei't de ynfloed derfan de hobbit net inkeld ferwrong ta in trochferkeard karikatuer fan himsels, mar teffens syn libben mei iuwen ferlinge. Sméagol wie nimmen oars as it wêzen Gollum, dat Bilbo op syn reis nei de Ienlike Berch yn 'e grotten ûnder de Diisbergen tsjinkaam, yn deselde grotten dêr't er ek de ring fûn (sjoch: De Hobbit).

No is Sauron wer opstien en weromkeard nei syn bolwurk yn it dûnkere lân Mordor, en hy sparret kosten noch muoite om syn ring, dy't ommers de kaai ta al syn krêften is, werom te finen. Gandalf warskôget Frodo tsjin it ynherinte kwea fan 'e ring en fertelt him ek dat er yn it Goa langer net mear yn hâldershân is; út syn ûndersyk hat bliken dien dat Gollum op 'e siik nei de ring yn Mordor bedarre is, dêr't er ûnder tramtearring alles dat er deroer wist fertelle moatten hat. Sadwaande binne de nammen Balsma en it Goa no bekend by Sauron. Gandalf riedt Frodo oan om 'e ring nei Riedelle, in ein beëasten it Goa, ta te bringen, dêr't Elrond de healelf regearret yn it Lêste Hieme Hoarnleger diskant de See, yn 'e hope dat it ding dêr feilich wêze sil. Mar Frodo mei net samar ferdwine, want dat soe opfalle en mooglik de tsjinners fan 'e Ringmakker op syn spoar sette kinne. Dat Frodo makket plannen om oan 'e ein fan 'e simmer dat út. Syn tsjinstfeint Tabe Snasta, dy't it petear fan Frodo en Gandalf ôflústere hat, freget en kriget tastimming om mei syn baas te gean. Gandalf bliuwt in hoart by Frodo útfanhûs, mar set dan wer ôf, nei't er ûnthjitten hat om foar Frodo syn eigen ôfreis werom te wêzen.

 
John Ronald Reuel Tolkien yn 1916.

Dy simmers ferfart Frodo fan Hobbitum, midden yn it Goa, nei in ôfhandich húske te Krikholwert, efter Bûkbierrum, alhiel oan 'e eastgrins. Behalven Tabe Snasta helpe ek Frodo syn freonen Pilegryn Tûk (Pepyn) en Meriadoc Brandebûk (Merten) by de ferhuzing yn Hobbitum, wylst in trêde freon, Friddegarius Fiksema (Fetse), nei Krikholwert giet te húswarjen. Frodo fertelt harren lykwols neat oer syn oansteande ôfreis. As de simmer einet en Gandalf noch nea wer kommen is, beslút Frodo om dan mar sûnder him op 'en paad. En dat is neat te betiid, want dyselde jûns arrivearret der in Swarte Ruter yn Hobbitum dy't fragen stelt oer in Balsma. Sterker noch, Frodo, Tabe, Merten en Pepyn wurde dwers troch it Goa hjitfolge troch ferskate Swarte Ruters, dy't letter de Nazgûl of ringsjammen blike te wêzen, de njoggen machtichste en neiste tsjinners fan Sauron. Mei help fan in groepke elven dat ûnderweis is nei de Grize Havens witte se dy lykwols te ûntrinnen en it hûs yn Krikholwert te berikken. Dêr docht bliken dat Merten, Pepyn en Fetse al lang fan 'e ring en Frodo syn plan ôfwitte en dat Merten en Pepyn fan doel binne om mei, wylst Fetse yn it hûs efterbliuwt om 'e efterfolgers op 'e doele te bringen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sadwaande sette Frodo, Tabe, Merten en Pepyn fjouweresom ôf troch it Alde Wâld oan 'e eastgrins fan it Goa, dêr't se fan wrokkerige en kweawillige âlde beammen rêden wurde troch it nijsgjirrige wêzen Tom Bombadyl, dy't harren yn syn eigen wente bekomme lit. Neitiid reitsje se op 'e Grêfheuvelshichten troch eigen skuld op 'e nij yn swier waar en falle diskear suver ta proai oan 'e oerâlde grêfgeasten dy't dêr omwaarje, mar fannijs wurde se rêden troch Tom Bombadyl, dy't harren dan foar de wissichheid mar oan 'e wei nei Skree ta begelaat. Yn it doarp Skree oernachtsje se yn 'e pleatslike herberge, "De Hynstewâd", fan 'e tiishollige weard Bûterbleb Bierema. Dêr moetsje se de doarmer Strider, of Aragorn Arathorns, sa't er eins hjit, in âlde freon fan Gandalf. As dyseldichste nachts in pear Swarte Ruters in raam op "De Hynstewâd" dogge, wurdt Aragorn harren gids by har flecht troch de wylde lannen beëasten Skree.

Op 'e heuvel Waarshichte wurde se oanfallen fan fiif fan 'e Nazgûl, en dy har lieder wit Frodo mei in ferflokte hogge del te stekken ear't Aragorn harren ferdriuwe kin. De ôfbrutsen punt fan it mês is yn 'e wûne sitten bleaun en makket dat Frodo geandewei siker wurdt as hja harren flecht nei it easten ferfetsje. As de reizgers tichter by Riedelle komme, moetsje se de elvehear Glorfindel, dy't útstjoerd is om harren te sykjen. Dy helpt harren nei de Furde fan 'e Bruynen ta, mar dêr wachtsje alle njoggen Nazgûl harren op. Glorfindel syn hynder kin hurder as de ryddieren fan 'e fijân en draacht Frodo feilich troch de furde. As de ringsjammen harren yn 'e rivier folgje, wurde se troch in machtige weach, oproppen troch Elrond fan Riedelle, fuortspield. Sadree't er dat sjoen hat, falt Frodo derhinne.

Nei't Elrond him genêzen hat, komt Frodo wer by yn dy syn hûs te Riedelle. Hy ûntdekt dat syn omke Bilbo dêr ek al jierren by de elven omhúsmannet. Teffens hâlde dêr ferskate oare gasten ta, mei dêrûnder Gandalf, de dwerch Glóin (ien fan dejingen dy't Bilbo beselskippen op 'e reis nei de Ienlike Berch) en dy syn soan Gimli; Legolas, de soan en boadskipper fan syn heit Thranduil, de kening fan 'e boskelven fan it Brimsterwâld; en Boromir, de soan fan Denethor, de steedhâlder fan it fiere Gondor.

Elrond ropt harren allegear gear foar in berie oangeande de ring. Glóin is de earste dy't sprekt en hy ferhellet fan Balin (in oarenien fan Bilbo syn âlde freonen) en dy syn krewearjen om it âlde dwergekeninkryk fan Moarje werom te winnen, dêr't de dwergen yn lang ferfleine tiden wei ferdreaun binne troch eat dat hja opdolden út 'e ierde yn harren begear nei it seldsume metaal mithril. Balin is mei in kloft lyksinnige dwergen dat út set, mar der hat no al jierrenlang gjin berjocht mear fan him west. Glóin fertelt ek dat de Nazgûl te Dol en oan 'e poarte fan 'e Ienlike Berch kommen binne, earst mei moaie wurden en dêrnei mei drigeminten, op 'e siik nei Bilbo en de ring. Dêrnei sprekt Elrond sels en docht de skiednis fan 'e ring út 'e doeken oant er ferlern rekke yn 'e Anduin. Dan stiet Boromir op en fertelt fan in dream dy't hy en syn jongere broer Faramir beiden hân hawwe en dêr't harren yn hjitten waard om yn Riedelle "it Brutsene Swurd" en "Isildurs Flok" te sykjen. Yn andert dêrop hellet Aragorn it Brutsene Swurd, in erfstik fan syn hûs, foar 't ljocht en bringt er oan Boromir en de hobbits út dat er de lêste ôfstammeling fan 'e minskene keningen fan oersee is, en de erfgenamt fan Isildur Elendils. Dêrnei wurdt Frodo frege om 'e ring, Isildur syn flok, sjen te litten, wat er mei tsjinnichheid docht. Bilbo fertelt dan it ferhaal fan hoe't er de ring fûn hat, en Frodo fan hoe't er út it Goa nei Riedelle flechtsje moatten hat. Dêrop bringt Gandalf oan 't ljocht hoe't hy ûntdutsen hat dat dizze ring de Iene Ring fan Sauron is; de úteinlike befêstiging dêrfan is kommen fan it wêzen Gollum, dat hy en Aragorn nei lang sykjen en mei grutte muoite fongen hawwe en oan 'e boskelven oerdroegen hawwe om finzen te hâlden. Dêrop falt Legolas him yn 't wurd en fertelt dat hy stjoerd is om tynge te dwaan dat Gollum syn folk ûntkomd is. Gandalf hat sels noch minder nijs, want de foaroanman fan syn oarder, de tsjoender Saruman de Wite, is ferlaat ta it kwea en hat, sa liket it, de lapen gearsmiten mei Sauron. Doe't Gandalf nei him ta gie om rie, waard er finzen setten op it dak fan 'e toer Orthanc en it duorre withoelang ear't er mei help fan 'e earn Gwaihir, de Wynhearre, ûntsnappe koe; dat wie de reden dat er net op 'e ôfsprutsen tiid yn Hobbitum opdaagjen kaam.

Men beslút dat de ring net yn Riedelle bliuwe kin, noch lang op oare plakken ferskûle wurde kin, noch oer de no troch de fijân goed yn 'e rekken holden westlike wei nei de Grize Havens ta brocht wurde kin. Likemin kin er tsjin Sauron brûkt wurde, want it ynherinte kwea fan 'e ring soe betsjutte dat men dêrmei de iene dûnkere hear foar in oaren ynruile. Dat lit mar ien mooglikheid oer, en dat is dat de ring nei Mordor brocht wurde moat, om him dêr yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten. Dat is it plak dêr't er smeid is en teffens it iennichste plak dêr't er ferneatige wurde kin. Om't Sauron sa'n grut part fan syn krêften yn 'e ring lein hat, sil hy dan meiferneatige wurde. Hoewol't it in tige nuodlike opdracht is, biedt Frodo oan om dy op him te nimmen. Mei him sille de oare trije hobbits, Tabe, Merten en Pepyn, gean, en ek Gandalf, Aragorn, Boromir, Legolas en Gimli.

 
Liuwe H. Westra, dy't de Fryske oersetting fan it boek makke.
(Foto: Haye Bylstra, Tresoar)

Njoggenresom sette se ôf út Riedelle en reizgje oan 'e westkant by de Diisbergen lâns nei it suden troch it ferlitten lân Hollin, dêrby hjitfolge troch de ferkenners fan Sauron. Harren besykjen om 'e bergen oer te stekken fia in pas, de Readhoarnpoarte, strânet yn djippe snie, en as se dêrnei oanfallen wurde troch in kliber wearwolven binne se twongen om in nuodlik paad ûnder de bergen troch te nimmen, dwers troch it âlde dwergeryk fan Moarje. Dêr ûntdekke se wat der fan Balin-en-dy wurden is: hja binne by harren besykjen om 'e Minen fan Moarje werom te winnen deade troch de oarken dy't dêr no omhúsmanje, en dy't folle machtiger wiene as harren. Dyselde oarken hawwe no lucht krigen fan 'e nije ynkringers en nei in oanfal ôfslein te hawwen, moat it selskip it lêste ein nei de eastlike poarte flechtsje. As se de lêste brêge foar de poarte berikke, komt harren in balroch fan Morgoth oer it mad. Wylst er de oaren dat út stjoerd nei de poarte, giet Gandalf sels op 'e brêge de striid mei de demon oan. De balroch wurdt him lykwols hast oermânsk, en as in lêste wanhoopsdie ferrinnewearret Gandalf dan de brêge; de balroch stoart yn 'e djippe kleau dêrûnder, mar skuort de tsjoender mei. De oare acht selskipslju slagje út Moarje wei en ûntkomme oan 'e efterfolgjende oarken troch it swierbewekke elveryk Lothlórien yn te gean, dêr't se gastfrij ûnthelle wurde troch de frouwe Galadriel en har gemaal Celeborn.

As se in deimannich yn Lothlórien bekommen binne en nei't Galadriel in elk fan harren bejeftige hat mei in geskink dat noch te pas komme kin op 'e rest fan harren kweeste, ferfetsje se har reis yn súdlike rjochting troch yn elveboaten de Anduin ôf te sakjen. Einlings berikke se de grutte wetterfal Rauros, dêr't se beslute moatte hoe fierder: súdoan nei Gondor of eastoan nei Mordor. Boromir, dy't de ring brûke wol om syn lân, Gondor, te rêden, besiket Frodo it ding te ûntnaderjen. Dêrop flechtet Frodo de rivier oer om 'e oan him tafertroude opdracht sûnder de oaren te folbringen, mar hy hat bûten syn feint Tabe rekkene, dy't wegeret syn master allinnich gean te litten. Uteinlik sette se twaresom ôf. Dêrmei einiget it earste diel fan Master fan Alle Ringen.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan The Fellowship of the Ring ferskynde yn 2011 ûnder de titel It Selskip fan de Ring by Utjouwerij Frysk en Frij te Ljouwert, yn gearwurking mei Utjouwerij Elikser (dy't de distribúsje ôfhannele), en mei stipe fan 'e Boersma-Adema Stichting, de Stichting Juckema-Sideriusfonds, de Douwe Kalma Stifting, it Pot-Cuperus Fûns (yn behear by de Stifting Frysk Akademyfûns) en de provinsje Fryslân.[1] De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan dû. Liuwe H. Westra, predikant en universitêr meiwurker te Lollum, dy't der fan 2001 ôf by de tiid lâns al mei dwaande west hie, sa fertelt er yn syn foarwurd by It Selskip fan 'e Ring. Hy hie dêrby de stipe fan in stikmannich meilêzers, wêrûnder Geart van der Meer, Jarich Hoekstra, Ate Grypstra en Anne Tjerk Popkema, dy't Tolkien syn De Hobbit yn it Frysk oerset hat. Westra droech syn oersetting op oan syn frou Baukje.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tolkien, J.R.R., It Selskip fan de Ring (fert. Liuwe H. Westra), Ljouwert, 2010 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. Utjouwerij Elikser B.V.), ISBN 978-9 08 56 60 224, skutblêd.
  2. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn yn: J.R.R. Tolkien, It Selskip fan de Ring, Ljouwert, 2010 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. Utjouwerij Elikser B.V.), ISBN 978-9 08 56 60 224, s. 9.

  • Tolkien, J.R.R., It Selskip fan de Ring, Ljouwert, 2010 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. Utjouwerij Elikser B.V.), ISBN 978-9 08 56 60 224.
  • Tolkien, J.R.R., The Lord of the Rings, Londen, 2001 (HarperCollins Publishers), ISBN 0 00 71 23 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.