In oark[1] (útspr.: [oərk], likernôch "oar-k" of [wark], likernôch "ûark"; meartal: oarken, útspr.: [ˈwarkn̩], likernôch: "ûar-k'n") is in mytysk wêzen dat nau besibbe is mei, of synonym oan de eardske. Hoewol't de oarken tebekgeane op in breed ferskaat oan histoaryske literatuer en folksferhalen, komt it byld dat yn 'e tweintichste iuw yn 'e popkultuer fan dit wêzen ûntstien is, streekrjocht út 'e wurken fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien. Dyselde helle de yn 'e ferjitnis rekke oarken yn 'e moderne tiid wer foar it fuotljocht. Mar wat wichtiger wie, hy stelde harren yn syn boeken The Hobbit en The Lord of the Rings foar as brute, aggressive, ôfwearzige en oer it algemien boasaardige wêzens, dy't yn alles it tsjinstelde binne fan 'e wize en goedaardige, hoewol soms arrogante en heechmoedige elven. De oarken fan Tolkien waarden neitiid oernommen troch oare fantasyskriuwers en teffens troch rollespullen en fideospultsjes, lykas Dungeons & Dragons, Warhammer en Warcraft.

In oark.
(Byldhouwurk fan Cornel Zueger.)

It Fryske wurd 'oark' waard ûntliend oan it Ingelske orc troch Anne Tjerk Popkema, de oersetter fan The Hobbit fan J.R.R. Tolkien yn it Frysk yn 2009. Dy foarm fan it wurd waard letter ek brûkt troch Liuwe Westra by syn oersetting fan The Lord of the Rings. It moderne Ingelsktalige gebrûk fan 'e term giet ek werom op it wurk fan Tolkien, dy't fan berop taalkundige wie en it wurd orc nij libben yn blies, nei't it sûnt de Midsiuwen yn 'e ferjitnis rekke wie. Yn it Aldingelsk waard orc brûkt as in synonym foar "demon", yn 'e sin fan in boasaardich wêzen dat út 'e hel komt. Neffens it Woordenboek der Nederlandsche Taal omfette it Aldnederlânsk it nei alle gedachten tige nau besibbe wurd ork, dat yn it wurdboek omskreaun wurdt as "ferslinend meunster".

 
In moderne foarstelling fan in oark.

It Woordenboek der Nederlandsche Taal tinkt foar dat wurd etymologysk oan in ferbastering fan nork, dat in sjegrinige of boasaardige persoan wie. Fan it Aldingelske orc wurdt lykwols oer it algemien oannommen dat it in lienwurd is op basis fan it Latynske orcus. Orkus (Latyn: Orcus) wie yn 'e Romeinske mytology in god fan 'e ûnderwrâld, en iuwen nei de kerstening fan 'e Romeinen soe de term orcus tsjin 'e Midsiuwen ferwurden wêze ta in algemiene term foar "demon".

Foarstelling

bewurkje seksje

Yn 'e hjoeddeistige popkultuer, dêr't fantasyliteratuer, fantasyfilms en fantasyfideospultsjes in wichtich ûnderdiel fan útmeitsje, wurde oarken op ferskate wizen ôfskildere, mar oer it algemien niget de foarstelling nei de oarspronklike beskriuwing troch Tolkien. It is dêrby wichtich en tekenje oan dat Tolkien yn syn wurk eins twa beskriuwings fan oarken joech. Syn 'gewoane' oarken binne likernôch likegrut of justjes lytser as in folwoeksen minske, mei nei bûten ta bûgde skonken (o-skonken) en earms dy't wat langer binne dy fan minsken. Se binne oer it algemien lilk en smoarch, mei útstykjende hoektosken dy't suver slachtosken neamd wurde kinne, en in grotesk gesicht allyk it antlit fan in aap of in baarch. Harren hûd kin ferskate kleuren hawwe, mar is meastal in soarte grien, griis, swart of brún. De elite-krigers, dy't Tolkien oantsjutte as de Uruk-hai, binne lykwols grutter, sa'n 2 m lang of mear, breedskouderich en spiersterk, en soene alteast yn oerdrachtlike sin wol as reuzen oantsjut wurde kinne.

 
In 'gewoane' oark sa't Tolkien dy ôfskildere.

Wat harren hâlden en dragen oangiet, wurde oarken oer it algemien foarsteld as agressyf en opportunistysk, mei in simpele snoadens en in net bot fyn ynleine kultuer. Se binne fleisiters dy't sawol oan kannibalisme fan harren eigen soarte dogge, as oare yntelliginte wêzens, lykas minsken, slachtsje en opite. Se wurde fierders ornaris ôfbylde as in ras dat troch in yntelligintere master út in oar ras, of troch in yntelliginter masterras brûkt wurdt as fuotfolk. Mei't se fan natuere gewelddiedich binne, mar net botte moedich, sille se fûleindich fjochtsje as se dêrta troch in master twongen wurde, of as se yn 'e fâle komme te sitten. As der neat is om harren te driuwen, sille se lykwols oer it algemien gaoatysk gedrach fertoane. Se brûke gauris bisten lykas wolven of wearwolven om harren oer grutte ôfstannen te ferpleatsen.

Iere literatuer

bewurkje seksje

It ierste foarkommen fan it wurd orc yn it Ingelsk wie yn it Midsiuwske epos Beowulf, dêr't sprutsen wurdt fan orc-neas, in wurd foar "demoanen" of "duvels". It Oxford English Dictionary kin it gebrûk fan 'e foarm orke yn elts gefal oant 1656 tebekfolgje (nei it mearke Don Zara fan Samuel Holland). Der wurdt oannommen dat beide foarmen, en ek it besibbe oger (Ingelsk: ogre), dat in justjes oare betsjutting krigen hat, fia folksferhalen en yn it bysûnder mearkes yn it Ingelsk trochkrongen binne. Sa'n ûntwikkeling sjocht men ek yn it Frânsk, dêr't Charles Perrault yn 'e santjinde iuw it wurd ogre ûntwikkele op basis fan 'e termen huorco, huerco en uerco dy't yn 'e Italjaanske folksferhalen fan sechstjinde-iuwske skriuwers as Giambattista Basile en Giovanni Francesco Straparola foarkamen. Dy trije (regionaal ferskillende) Italjaanske wurden geane sûnder mis werom op it Latynske orcus, en datselde jildt foar de Spaanske term güerco en mooglik ek foar de ork út 'e folkloare fan Tiroal, dy't mear in kabouter wie.

Wurken fan Tolkien

bewurkje seksje
 
In oark út Warcraft.

It moderne gebrûk fan orc giet folslein werom op it wurk fan 'e ferneamde tweintichste-iuwske Ingelske fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien, dy't it yn ûnbrûk rekke wurd nij libben ynblies. Soms, fral yn The Hobbit, brûkte er orc as synonym foar 'eardske' (Ingelsk: goblin). Yn The Lord of the Rings wurdt goblin ek wol brûkt as synonym foar orc, mar folle minder faak. Ynstee fan as demoanen stelde Tolkien de oarken foar as boasaardige en folslein ôfwearzige, mar dochs ek minskeftige wêzens, dy't dúdlik fan dizze wrâld (of alteast de fantasywrâld fan Tolkien) wiene en net fan in foarm fan it hjirneimels, lykas de hel. Doe't er op jierren rekke wie, krige Tolkien it idee om syn stavering fan it wurd orc te feroarjen yn ork, mar dat fierde er foar syn ferstjerren inkeld troch yn The Adventures of Tom Bombadil. Yn it postúm ferskynde The Silmarillion waard de staveringswize orc hanthavene.

Oare skriuwers

bewurkje seksje

Tolkien syn beskriuwing fan oarken lei de basis foar it gebrûk fan 'e wêzens yn oare fantasywurken. Wat langer wat mear wurde oarken lykwols ôfbylde as neutrale of goede wêzens, en net mear (útslutend) as kwea. In foarbyld fan dy ferskowing is de komyske romansearje Discworld fan Terry Pratchett, wêryn't de belastere oarken it slachtoffer wurden binne fan minsklike propaganda. Oare foarbylden fan wurken wêryn't oarken net as boasaardich foarsteld wurde, binne de trilogy Queen of the Orcs, fan Morgan Howell, wêryn't in jonge minsklike frou it ta keninginne fan 'e oarken bringt, en Orcs: First Blood, in romansearje fan Stan Nicholls oer in konflikt tusken minsken en oarken, dat ferteld wurdt út it oarkske perspektyf wei.

Oarken binne ek oernommen troch rollespullen lykas Dungeons & Dragons, Earthdawn, Shadowrun en Magic: The Gathering, en fideospultsjes lykas Warhammer, Warcraft, Might and Magic en Fate. Oer it algemien wurde oarken dêryn ôfskildere as de Uruk-hai fan Tolkien: grut (soms in stik grutter as minsken), mar net botte yntelligint en oer it algemien boasaardich. Yn 'e film Warcraft, út 2016, dy't basearre wie op 'e franchise fan fideospultsjes mei deselde namme, wurde de oarken lykwols foarsteld as slachtoffers fan in boasaardige foarm fan magy, de Fel, wêrtsjin't guon fan harren in bûnsgenoatskip mei de minsken besykje te foarmjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Popkema, Anne Tjerk, neiwurd by de Fryske oersetting fan Tolkien, J.R.R., De Hobbit, Ljouwert, 2009 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 41 123.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.