Charles Perrault (Parys, 12 jannewaris 1628 – dêre, 16 maaie 1703) wie in ferneamd Frânsk skriuwer en lid fan 'e Académie française, dy't koart foar 1700 de grûnslach lei foar in nij literêr sjenre, it mearke, dat weromgriep op alâlde folksferhalen. Hy is benammentlik bekend wurden troch syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes"), út 1697, wêryn't er sokke klassikers as Le Petit Chaperon Rouge (Readkapke), Cendrillon (Jiskepûster) en Le Chat Botté (De Kat op Learzens) fêstlei. In grut tal fan Perrault syn mearkes waard letter werskreaun troch de bruorren Grimm, en wurdt noch altyd werprinte en adaptearre ta oare media, lykas opera, ballet, toaniel en animaasje (datlêste benammen troch de Walt Disney-studio's). Perrault wie by syn libben in ynfloedryk figuer yn Frânske literêre fermiddens, en hy wie de lieder fan 'e partij fan 'e modernisten.

Charles Perrault
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Perrault
nasjonaliteit Frânsk
berne 12 jannewaris 1628
berteplak Parys (Frankryk)
stoarn 16 maaie 1703
stjerplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurk
taal Frânsk
sjenre mearkes, berneboeken, poëzij,
non-fiksje, essay's
perioade Ferljochting
bekendste
  wurk(en)
Contes de Ma Mère l'Oye
("Ferhalen fan Us Mem de Goes")
jierren aktyf 16681703
offisjele webside
n.f.t.

Charles Perrault waard yn 1628 berne te Parys, yn in begoedige boargerfamylje. Hy folge in karriêre yn 'e amtnerij, krekt as syn heit, Pierre Perrault, foar him. Yn 1663 waard er oansteld as siktaris ûnder Jean Baptiste Colbert, de minister fan finânsjes fan Loadewyk XIV. Yn 1672, doe't er sels 44 wie, troude er mei de 19-jierrige Marie Guichon, dy't lykwols al yn 1678 kaam te ferstjerren. Perrault wie belutsen by it ûntwerpen fan 'e tunen fan it Paleis fan Versailles, yn 1669. Yn 1671 waard er keazen ta lid fan 'e Académie française, de Frânske taalakademy, dêr't er him oppenearre as de foaroanman fan 'e partij fan 'e modernisten, dy't de nijmoadrige, Frânske literêre styl foarstie boppe de âldfrinzige styl út 'e Klassike Aldheid. Yn dy hoedanichheid wied er oant kop en earen behelle yn 'e saneamde Deilisskip fan 'e Klassiken en de Modernisten, dy't de Frânske literêre wrâld yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw desennialang yn 'e besnijing hold.

Yn 1682 moast Perrault as siktaris fan Colbert romte meitsje foar Colbert syn soan, Jules-Armand Colbert, markys fan Ormoy. In jier letter stoar Colbert, en syn opfolger wie syn âlde rivaal François-Michel Le Tellier, markys fan Louvoi. Dy reage alle âlde fertroulingen fan Colbert oan kant, mei dêrûnder ek Perrault. Sadwaande lei dy him dêrnei ta op oare dingen, lykas it skriuwen fan poëzij en letter it fêstlizzen fan mearkes. Yn 1697, seis jier foar syn dea, publisearre er de samling Histoires et Contes du Temps Passé, avec des Moralités ("Stoarjes en Ferhalen út Ferfleine Tiden, mei Moralen"), dy't better bekend wurden is ûnder de ûndertitel Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes"). Dêrmei krige er ynienen ferneamdens bûten syn eigen fermiddens. Hoewol't guon him foargiene, lykas Marie-Catherine Le Jumel fan Barneville, de baronesse fan Aulnoy (better bekend as Madame d'Aulnoy), en Perrault him dêr ek bewust fan wie, wurdt hy oer it algemien dochs beskôge as de grûnlizzer fan it mearkessjenre. Perrault stoar op 'e âlderdom fan 75 jier yn 1703 te Parys.

  • 1668: La Peinture ("It Skilderij"; ta eare fan Loadewyk XIV syn persoanlike skilder Charles Le Brun)
  • 1670: Courses de Testes et de Bague ("Wedrinnen om Holle en Ring"; ta oantinken oan 'e festiviteiten, yn 1662, ta eare fan Loadewyk XIV syn mêtresse, Louise- Françoise fan La Baume le Blanc, hartoginne fan La Vallière)
  • 1687: Le Siècle de Louis le Grand ("De Iuw fan Loadewyk de Grutte"; in essay dêr't er de superioriteit fan 'e Frânske literatuer boppe dy fan 'e Klassike Aldheid besocht te bewizen)
  • 1686: Saint Paulin, Évêque de Nôle ("Sint Paulinus, Biskop fan Noala"; in epysk gedicht)
  • 1688-1692: Parallèle des Anciens et des Modernes ("Oerienkomsten tusken de Klassiken en de Modernen"; in essay dêr't er de superioriteit fan 'e Frânske literatuer boppe dy fan 'e Klassike Aldheid besocht te bewizen)
  • 1697: Histoires et Contes du Temps Passé, avec des Moralités: Contes de Ma Mère l'Oye ("Stoarjes en Ferhalen út Ferfleine Tiden, mei Moralen: Ferhalen fan Us Mem de Goes"; mearkes)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.