De Kening Komt Wer

De Kening Komt Wer, yn it oarspronklike Ingelsk: The Return of the King, is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973). Yn 'e mande mei It Selskip fan de Ring en De Twa Tuorren makket it diel út fan 'e epyske trilogy Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings), dy't Tolkien syn wiidweidichste en bekendste wurk is. De Kening Komt Wer, dat it trêde diel fan 'e trilogy is, fertelt it ferhaal fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (Ingelsk: Frodo Baggins) en syn gefaarlike kweeste om 'e Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron werom te bringen nei de fjurren fan 'e Doemberch, yn it fiere en yslike lân Mordor, dat it iennichste plak is dêr't it nuodlike ding ferneatige wurde kin. De roman waard foar it earst publisearre yn 1955; yn 2003 kaam de populêre en bekroande ferfilming The Lord of the Rings: The Return of the King fan regisseur Peter Jackson út. De Fryske oersetting fan it boek, fan 'e hân fan Liuwe Westra, is op kommendeweis, mar sil wierskynlik op syn betiidst yn 'e rin fan 2022 ferskine.

De Kening Komt Wer
algemiene gegevens
oarspr. titel The Return of the King
auteur J.R.R. Tolkien
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 1955, Londen
oarspr. útjwr. George Allen & Unwin
rige
rige The Lord of the Rings
● foarich diel The Two Towers
● folgjend diel gjint (is lêste diel)
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Kening Komt Wer (wurktitel)
publikaasje (noch net útjûn)
oersetter dû. Liuwe H. Westra

The Return of the King, dat foar it earst útjûn waard op 20 oktober 1955, beslacht de lêste beide fan 'e seis "boeken" dêr't Master fan Alle Ringen yn opdield is en dêrnjonken ek de wiidweidige taheakken. De titel The Return of the King waard betocht troch Tolkien syn útjouwer Rayner Unwin; Tolkien sels fûn dat dy titel tefolle priisjoech oer it ferhaal, en hie de roman leaver The War of the Ring neamd.

Krekt as yn De Twa Tuorren makket Tolkien foar de fertelling fan De Kening Komt Wer gebrûk fan in wat onhandige parallelle ferhaalopbou: de foarfallen yn Boek V en Boek VI fine lyktidich plak, mar wurde los faninoar ferteld. Yn syn film The Lord of the Rings: The Return of the King skafte Peter Jackson dat ôf en fermong er de beide boeken mei-inoar, wat it ferhaal wol sa spannend makket.

It ferhaal spilet yn in net neier oantsjutte (en optochte) oertiid fan ús wrâld tusken de opkomst fan it feeëryk en de hearskippij fan 'e minske.

De Kening Komt Wer ferfettet it ferhaal daliks fan it punt ôf dêr't it yn De Twa Tuorren ophold. Sjoch dêre foar útlis oer wat foarôf gie.

De tsjoender Gandalf en de hobbit Pepyn arrivearje te Minas Tirith, de haadstêd fan it súdlike keninkryk Gondor, en bringe Denethor, de steedhâlder fan Gondor, de tynge dat in temoarzeljende oanfal op syn lân troch Sauron, de dûnkere hear fan Mordor, op kommendeweis is. Pepyn nimt dan tsjinst ûnder Denethor, by wize fan wearjild foar Denethor syn soan Boromir, dy't sneuvele is wylst er Pepyn en dy syn maat, Merten, ferdigene tsjin in kliber oarken. Yn 'e tabbert fan 'e Toerwacht is Pepyn dêrnei tsjûge fan alle barrens yn Minas Tirith, wylst de oarloch almar neieroan komt en Denethor hieltyd fierder wei rekket yn sljochtsinnigens. Faramir, Boromir syn jongere broer, komt werom fan it front mei de fersille oerbliuwsels fan syn kompanjy. Denethor, dy't Boromir altyd it leafste hie en it Faramir no kwea-ôf nimt dat Boromir sneuvele is en hy net, stjoert him suver daliks alwer út om 'e hopeleaze ferdigening fan 'e ferrinnewearre eardere haadstêd fan Gondor, Osgiliath, oan 'e Grutte Rivier, op him te nimmen. Al gaueftich dêrnei wurdt Osgiliath troch de oarken ûnder de foet rûn en in swierferwûne Faramir wurdt troch syn oerlibjende ûnderhearrigen thúsbrocht by Denethor. Minas Tirith wurdt dêrnei omsingele troch de legers fan Sauron. Denethor is, ûnder ynfloed fan Sauron, ta proai fallen oan hopeleazens, en mei lân en folk ferlern (of sa liket it him ta) en syn iennichst oerbleaune soan stjerrende, lit er in brânsteapel bouwe om himsels en Faramir tegearre libben te kremearjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens risselwearret men yn Rohan foar de kommende oarloch. Aragorn, de lêste ôfstammeling fan 'e minskene keningen fan oersee, set mei syn maten, de elf Legolas en de dwerch Gimli, en in selskip doarmers út it âlde noarderryk Arnor ôf om fia de Paden fan 'e Deaden nei Gondor te gean. Dy Paden fan 'e Deaden foarmje in tunnel troch de Wite Bergen dêr't de ûndeade geasten fan 'e eedbrekkers tahâlde, lienlju fan Gondor dy't wegeren om Aragorn syn foarfaar Isildur te helpen yn 'e Oarloch fan it Lêste Ferbûn. Aragorn is no fan doel om dit leger fan 'e deaden te rekrutearjen.

Wylst Aragorn fuortset mei dy ûnmooglik lykjende taak as doel, bringt de Rohander kening Théoden syn leger byinoar om Gondor te help te kommen. De hobbit Merten, dy't by de Rohirrim efterbleaun is, wol graach mei, mar dat wurdt him freonlik en út goederbêst wegere troch Théoden, dy't net ynsjocht hoe't de healmling himsels yn 'e slach steande hâlde kinne sil. Uteinlik biedt ien fan 'e ruters, de jongeling Dernhelm, oan om mei him syn hynder te dielen en sa slagget Merten dochs, sij it temûk, mei it folslein út ruterij besteande Rohander leger op 'en paad. Underweis docht bliken dat de knaap Dernhelm net in jonge is, mar de frouwe Éowyn, Théoden syn omkesizzer en de suster fan dy syn erfgenamt Éomer. Mei help fan 'e Woazen, in stamme fan wylde minsken dy't yn it Wâld fan Druadan tahâldt, ûntrinne de Rohirrim in mûklaach dy't opset is troch de oarken en berikke se de Fjilden fan 'e Pelennor, fuort bûten Minas Tirith, sûnder dat de fijân der aan fan hat.

De legers fan Mordor, ûnder lieding fan de freze heksekening fan Angmar, de machtichste fan 'e njoggen Nazgûl of ringsjammen, slagget it einlings om troch de poarten fan Minas Tirith te brekken, mar de oanfal fan it Rohander hynstefolk komt krekt op 'e tiid. Wylst de Rohirrim it oarkeleger bûten de stêd de wringe brekke, en de Gondoreeske ferdigeners de fijân dy't al yn 'e stêd trochkrongen wie, weromslane, komt Pepyn by Gandalf om him te warskôgjen dat Denethor op it punt stiet om himsels en Faramir libben te ferbrânen. It slagget Gandalf om Faramir te rêden, mar Denethor is te fier hinne om noch fan syn bedoelings ôfbrocht te wurden en hy ferbaarnt himsels.

Underwilens is bûten de stêd de Slach fan 'e Fjilden fan 'e Pelennor noch altiten geande. De oarken binne weromslein troch de Rohirrim fan Théoden en de ta de stêd útkommen Gondorezen ûnder lieding fan Imrahil fan Dol Amroth, mar dan smyt de heksekening fan Angmar syn myriaden fersterkings yn 'e striid, mei dêrûnder suderlingen út it Fiere Harad mei reuseftige oarlochsoaljefanten. De swarte float fan 'e kapers fan Umbar komt ek de Grutte Rivier opsilen, en de legers fan Mordor binne earst optein om dy te sjen, mar dan docht bliken dat de kapers in ein streamôf al ferslein binne troch Aragorn, en dat de skippen no bemanne wurde troch dy syn leger fan 'e deaden. Yn 'e slach wurdt kening Théoden fan Rohan ombrocht troch de heksekening fan Angmar, mar dêrop wurdt dy op syn beurt deade troch Éowyn, dy't dêrby holpen wurdt troch Merten. Uteinlik triomfearje de legers fan Gondor en Rohan, mar de priis dy't se dêrfoar betelje moatte, is ferskriklik.

Nei de slach wurdt Aragorn ynhuldige as kening fan Gondor (al wegeret er foarearst noch om kroane te wurden). Hy besiket it sikehûs en genêst Faramir, en ek Éowyn en Merten, dy't slim ferwûne rekke binne by harren deadzjen fan 'e heksekening. Wylst se opbetterje, groeie Éowyn, dy't lang mar sûnder hope fereale west hat op Aragorn, en Faramir nei inoar ta. Underwilens beslute Gandalf en Aragorn, dy't beseffe dat it inkeld in kwestje fan tiid is ear't Sauron fannijs fanwegen komme sil, om alle legers út Mordor wei te lokjen, sadat Frodo en Tabe in bettere kâns hawwe sille om 'e Doemberch te berikken en harren kweeste te folbringen om 'e ring yn 'e fjurren fan dy fulkaan te ferneatigjen. Sadwaande marsjearje se mei in leger dat ek Éomer, de nije kening fan Rohan, en dy syn troepen omfettet, op nei de Swarte Poarte, in pas dy't tagong jout ta it lân Mordor. Dêr fynt de lêste slach plak, in treffen dat net goed út liket te pakken foar de bûnsgenoaten, want harren plan is wat al te goed slagge en Sauron stjoert alle legers yn Mordor op harren ôf.

Underwilens binne Frodo en Tabe yn 'e pas fan Cirith Ungol djip yn 'e swierrichheden kommen. Nei't er stutsen waard troch de reuseftige spin Shelob is Frodo bewusteleas rekke. Om't Tabe him foar dea hâldt, nimt hy de ring fan him oer, mar neitiid, as oarken Frodo fine en fuortdrage nei harren wachttoer, makket er út har praat op dat er mis west hat en dat Frodo noch libbet. Troch sels de ring om te dwaan, dy't de drager ûnsichtber makket, wit Tabe no syn master fan tramtearring en dea út 'e wachttoer te rêden.

Nei't se ûntkommen binne, reizgje se tegearre fierder troch it keale ûnlân fan Mordor, dêrby op 'e nij hjitfolge troch it taaie wêzen Gollum, dat noch altiten de hope net opjûn hat om syn "skatsje" (de ring) werom te winnen. Frodo en Tabe wurde ynhelle troch in kloft oarken, mar witte har op 'e tiid te ferskûljen. Ferklaaid yn oarkske wapenrissings ferfetsje se harren tocht. Mei't Sauron al syn legers gearlûkt by de Swarte Poarte, leit Mordor der ferlitten hinne en wurdt der Frodo en Tabe net in protte yn 'e wei lein. Nei in wurchsume en nuodlike reis berikke se einlings en te'n lêsten de Doemberch, harren bestimming, al moat Tabe Frodo it lêste ein drage. Mar as se by de Doemspjalten binne, dêr't Frodo de ring yn it fjoer smite moat, docht bliken dat er tefolle ûnder de ynfloed fan it smoarch ding rekke is; hy kin der gjin ôfstân mear fan dwaan. Op dat stuit komt Gollum him oer it mad en yn 'e dan folgjende wrakseling rûgelt dyselde mei de ring yn 'e Doemspjalten. Op datseldichste stuit swynt Sauron, waans macht ommers fierhinne yn 'e ring besletten lei, fuort ta neat en syn Swarte Toer stoart yn, wylst swiere ierdbevings hiele Mordor ferrinnewearje en de Doemberch útbarst. Frodo en Tabe, dy't finzen komme te sitten tusken lavastreamen, wurde rêden troch earnen en troch de loft by harren freonen foar de Swarte Poarte brocht. No't Sauron der net mear is, falle syn legers útinoar en reitsje fersille of wurde ferdylge troch Aragorn en syn bûnsgenoaten.

As de oerwinners weromkeard binne yn Gondor, wurdt Aragorn einlings kroane ta hege kening fan 'e suder- en noarderriken Gondor en Arnor. Faramir, dy't no fersein is oan Éowyn, wurdt ferheft ta prins fan Ithilien, de weromwûne provinsje fan Gondor oare kant de Grutte Rivier. Koarte tiid letter komt Arwen, de dochter fan Elrond de healelf, oan wa't Aragorn fersein is, oan yn Minas Tirith, en fynt it keninklik houlik plak. Neitiid keare de fjouwer hobbits werom nei hûs, dêr't se harren lân, it Goa, yn ûnstjoer oantreffe en regearre troch in rôverhaadman dy't nimmen oars as de fersleine tsjoender Saruman blykt te wêzen. Mar Frodo-en-dy hawwe no tefolle belibbe om har dêr noch troch fan 'e wize bringe te litten en weve handich ôf mei sawol Saruman as dy syn trewanten. Dêrnei jouwe se har wer rêstich del yn har âlde libbens, as wie de kweeste fan 'e ring nea bard. Alteast, sa is it foar Tabe, Merten en Pepyn. Frodo, lykwols, hâldt duorjend lêst fan syn wûnen, de stekken dy't de heksekening fan Angmar en de spin Shelob him tabrocht hawwe. It boek einiget as Frodo twa jier letter mei Bilbo, Gandalf en Galadriel yn in elveboat skipgiet om oersee nei it lân Valinor ta, dêr't de elven foar ivich biidzje.

 
John Ronald Reuel Tolkien yn 1916.

De mânske taheakken folgjend op Boek VI fan Master fan Alle Ringen jouwe eftergrûnynformaasje oangeande withoefolle aspekten, fan skiednis en tiidrekkening oant skriuwen en stavering. Hjirûnder de ynhâldsopjefte fan 'e seis taheakken, dêr't de earste fierwei de langste fan is.

  • Taheakke A: Annalen fan de Keningen en Hearskers
    • I. De Númenoreaanske Keningen
      • (i) Númenor
      • (ii) De Riken fan de Ballingen
      • (iii) Eriador, Arnor en de Erfgenamten fan Isildur
      • (iv) Gondor en de Erfgenamten fan Anárion
      • (v) No Komt in Diel fan it Ferhaal fan Aragorn en Arwen
    • II. It Hûs fan Eorl
    • III. Durin syn Folk
  • Taheakke B: It Ferhaal fan de Jierren (Gronology fan de Westlannen)
  • Taheakke C: Stambeammen
  • Taheakke D: De Kalinder fan it Goa
  • Taheakke E: Skrift en Stavering
    • I. Utspraak fan Wurden en Nammen
    • II. Skrift
      • (i) De Fëanoriaanske Letters
  • Taheakke F
    • I. De Talen en Folken fan it Trêde Tiidrek
    • II. Oangeande Oersetten

Yn 'e taheakken wurdt ek ynformaasje jûn oer oanbesibbe wjerfarrens, dy't frjemd genôch yn 'e rest fan Master fan Alle Ringen net neamd wurde. Sa docht bliken dat der net inkeld yn Gondor fochten waard, mar yn it hiele streamgebiet fan 'e Grutte Rivier. Trijeris waard it elveryk fan Lothlórien út Dol Guldur, Sauron syn âlde bolwurk yn it Moarkwâld, wei oanfallen, mar eltse kear wisten de elven ûnder lieding fan Galadriel en har gemaal Celeborn de oanfal ôf te slaan. Yn it noarden fan it Brimsterwâld waard it ryk fan 'e boskelven fan Legolas syn heit, kening Thranduil, binnenfallen, en der fûn in fûleindich útfochten slach ûnder de beammen plak. Beëasten it wâld stiek ûnderwilens in leger easterlingen, dat fazallen fan Sauron wiene, de rivier de Carnen oer en belegere de minskene kening Brand fan Dol yn syn haadstêd. Mar de dwergen fan 'e Ienlike Berch kamen fanwegen en der waard trije dagen efterinoar ferheftich striid levere oan 'e foet fan 'e Berch. Sawol Brand as de dwergene kening Dáin Izerfoet fûnen dêrby de dea, mar harren oerwinning joech de easterlingen neat, want de Ienlike Berch koene se net ynnimme. Doe't de tynge fan Sauron syn nederlaach yn it noarden buorkundich waard, kamen Celeborn en syn elven út Lothlórien wei opsetten en stieken de Grutte Rivier oer en sljochten Dol Guldur. Tegearre namen Celeborn en Thranduil de oarken yn it Moarkwâld yn 'e skjirre en se fersloegen harren en suveren de bosk en metten inoar yn 'e midden. Yn it easten brieken de minsken en dwergen troch de belegering fan 'e Ienlike Berch en weefden ôf mei de easterlingen. Brand syn soan Bard II waard doe kening fan Dol, en Dáin syn soan Thorin Stienhelm waard kening ûnder de Berch.

Ek wurdt yn 'e taheakken beskreaun hoe't it ôfrint mei de haadpersoanen. Fan Frodo, Bilbo, Gandalf en Galadriel wurdt dat oan 'e ein fan Boek VI al ferteld. Tabe, Merten en Pepyn wurde lju fan kwizekwânsje yn it Goa: Tabe as boargemaster fan Rûga Dollens, Merten as master fan Bûklân en Pepyn as teiman fan it Goa. Nei de dea fan syn frou set Tabe úteinlik, 62 jier nei de fal fan Sauron, as lêste fan 'e ringdragers ôf nei de Grize Havens, dêr't er skipgiet nei Valinor. Pepyn en Merten keare oan 'e ein fan in ryk libben werom nei Gondor, dêr't se úteinlik mank de grutten fan it lân begroeven wurde. Éomer fan Rohan trout mei Lothiriel, de dochter fan Imrahil fan Dol Amroth. Hy stjert 65 jier nei de fal fan Sauron en syn soan Elfwine regearret nei him. Aragorn regearret lang en wiis mei Arwen njonken him en jout him 121 jier nei de oerwinning op Sauron úteinlik del om te stjerren, en wurdt opfolge troch syn soan Eldarion. Arwen reizget dan nei it ûnderwilens ferlitten lân Lothlórien en toevet dêr yn ienlikens oant har dea, koarte tiid letter. Nei de oerwinning hellet Gimli dwergen nei it suden ta, dêr't er hear fan 'e Glinsterjende Grotten yn Rohan wurdt. Syn freon Legolas bringt boskelven út it Brimsterwâld yn it suden en hâldt mei harren ta yn Ithilien, dat wer it skienste lân fan hiel it Westen wurdt. Mar as Aragorn stjert, bout Legolas in griis skip en fart er fuort oersee nei Valinor, en nimt er Gimli mei. En sa ferlitte de lêste leden fan it Selskip fan 'e Ring de wrâld.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan The Return of the King (ynearsten ûnder de wurktitel fan De Kening Komt Wer) is op kommendeweis. Dizze fertaling sil, krekt as de foargeande beide dielen fan Master fan Alle Ringen (It Selskip fan 'e Ring en De Twa Tuorren) fan 'e hân fan dû. Liuwe H. Westra wêze, predikant en universitêr meiwurker te Lollum. Mar om't de útjefte fan De Twa Tuorren, ferskate jierren fertraging oprûn hat en pas yn novimber 2016 plakfûn, wylst De Kening Komt Wer fanwegen de mânske taheakken dy't derby hearre it dreechste diel is, sil it trêde diel pas op syn gaust yn in Fryske oersetting ferskine yn 'e rin fan 2022.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tolkien, J.R.R., The Lord of the Rings, Londen, 2001 (HarperCollins Publishers), ISBN 0 00 71 23 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.