Reinder van der Leest

(Trochferwiisd fan R.R. van der Leest)

Reinder Rienk van der Leest (Drachten, 29 juny 1933) is in Frysk dichter, byldzjend keunstner en ûnderwizer. Hy publisearret ek ûnder de namme R.R.R. van der Leest. As dichter en romanskriuwer heart er by de generaasje dy't yn de jierren ’60 it literêre eksperimint en de eigentiidske popkultuer ynbrocht yn de Fryske literatuer.

Van der Leest hat yn Ljouwert de HBS folge en dêrnei op de kweekskoalle dêr leard foar ûnderwizer. It leafst wie er doe yn Amsterdam nei de keunstakademy gien, mar omdat dat finansjeel net ta de mooglikheden hearde gie er oan it wurk. Wol hat er noch de oplieding grafysk ûntwerper folge en dat fak free-lance ek útoefene. Hy hat oant syn pinsjonearring ta skoalmaster west, earst yn Culemborg, dêrnei yn Zaandijk, en doe oant syn pensjoen yn Ynskedee en wennet no (2007) yn Noard-Brabân. Skilderjen en tekenjen hat in skoftlang wichtiger foar him west as skriuwen, mar de lêste jierren hat er ek dêr net folle mear oan dien. Reinder van der Leest hat redakteur west fan Trotwaer. Publisearre nei in (tal) eksperimentele dichtbondels in rige humoristyske speurdersferhalen fol dûbelde boaiems mei as haadpersoanen Nier Hinnebruier en Dynte Planteit.

It grutste part fan syn libben hat Van der Leest bûten Fryslân trochbrocht. Hy wennet mei syn frou yn Megen (Noard-Brabân).

  • Flardeguod 1967
  • Patates mei mayonaise 1967
  • Boartersbûkje 1909 en sextich 1969
  • Practicum 1970
  • Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele? 1972
  • Keunst en fleanwurk 1979
  • Wyn en fearren : gedichten 1979-1985 1986
  • Wurk yn útfiering : teksten en tekeningen 1969-1972 2005
  • Tajefte : sân gedichten 2006 :
  • Komme dy kepers? : (draeiboek foar in B-film *****) (1969) (werútjefte 2001)
  • Lampefryske forhalen 1972
  • It moaiste famke fan Antarctica (1974) (werútjefte 2003)
  • Morheus yn de ûnderwrâld (1975) (op 'en nij skreaune útjefte: Morfeus yn de ûnderwrâld, 2005)
  • Cap Súd (jongereinboek) (1980)
  • Hertenfrou en Skoppenboer (1983)
  • Frouljusgambyt (1986)
  • In kâld keunstje (2001)
  • Noardlike nachten (2008)
  • Bargebiters-Bûltsjeblazers : (lyts Frysk argewaesjespul) (1971)
  • Boef fan Rys : (tekstboek foar in sjongspul) (1972)
  • De swalkjende partij : in byldferhaal (2004)
  • Carmina Burana : Latynske lieten út Benediktbeuren (oersetting)(2005)

Keppeling om utens

bewurkje seksje