Ytsje Hettinga-Van der Heide (Sibrandahûs, 31 maaie 1946) is yn 1996 meioprjochter fan teatergroep SULT. Skriuwt ferhalen en treedt ek mei har ferhalen op. Publisearre yn ferskate literêre tydskriften en gelegenheidsbondels mei proaza en ek poëzij. Skriuwt ek teksten foar toaniel, bygelyks foar de Tryaterfoarstelling Hertejacht (1997). Yn 2009 hat Ytsje Hettinga it boek De nacht fan de stroffelstiennen fan Henk de Haan bewurke ta in iepenloftspul yn Donkerbroek.

Ytsje Hettinga
akteur
persoanlike bysûnderheden
berne 31 maaie 1946
berteplak Sibrandahûs
jierren aktyf 1995 - no
prizen Rely Jorritsmapriis

Mei "Oessy" wûn hja yn 2002 ien fan de Rely Jorritsmaprizen.

Wurk bewurkje seksje

Proaza bewurkje seksje

  • 2007 : Lange fingers en tichte skuon : ferhalen

Toaniel bewurkje seksje

  • 1995 : Lamme wjukken : ienakter (St.U.F.T.= Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel)
  • 1997 : Hertejacht (foar Tryater, mei oaren)
  • 1999 : Wachtsjend wetter (St.U.F.T.)
  • 2003 : Wer (teatergroep Sult)
  • 2005 : It iten is klear : ienakter
  • 2009 : "De nacht fan de stroffelstiennen"( iepeloftspul Donkerbroek)
  • 2012 : "Wat in feest" (teatergroep SULT)
  • 2013 : "Neat"/ "Niets" ienakter

Oersettings (toaniel) bewurkje seksje

  • 1995 : Wis : (in wier bard ferhaal) (fan: Jeroen van den Berg)
  • 1995 : Barkhorst : (in turbo realistysk kampingdrama yn tolve sênes) (fan: Jeroen van den Berg)
  • 1996 : Serenade (fan: Slawomir Mrozek)
  • 1997 : Ajaks (fan Sofokles)
  • 1998 : Klaas&Klaske (fan: Odon von Horvath)
  • 1999 : Om Eleonor : sênes út ‘Om Elenonor’: in bewurking fan de roman fan Virginia Woolf The Years, fan Mouna Borgesius
  • 1999 : De stille besoarger (fan: Harold Pinter)
  • 2000 : Net alle dieven komme ûngelegen (fan: Dario Fo)
  • 2001 : Kyp Kwaiut (fan: Slawomir Mrozek)
  • 2002 : Keunst (fan: Yasmina Reza)
  • 2005 : Memmetrilogie (fan: Rob de Graaf)
  • 2007 : Rinoseros (fan: Eugèni Ionesco)
  • 2010 : Omke Wanja: sênes út it libben op it lân yn fjouwer bedriuwen (fan: Anton Tsjechov)
  • 2015 : Krang (frij nei Ivannov fan Anton Tsjechov) Teatergroep SULT.
  • 2017: Hauken en Hazzen (fan Robert van Dijk) Teatergroep SULT
  • 2018: Een brug slaan (fan Robert van Dijk) Projekt Zout-West/ Sult.

Prizen bewurkje seksje

  • Rely Jorritsmapriis: 2002 (ferhaal)
  • 2013 Earste priis ferhalenwedstriid Boerederij Stifting
  • 2013 Tredde priis ferhalenwedstriid KFFB
  • 2016 Tredde priis ferhalenwedsriid Omrop Fryslân e.o.

Keppeling om utens bewurkje seksje