Henk de Haan
Henk de Haan, (Hoarnstersweach, 23 maaie 1940 - De Gordyk, 17 desimber 2011) wie in Frysk skriuwer en ûnderwizer. Neidat er yn de VUT gie begûn er te skriuwen. As boeresoan út Hoarnstersweach gie er nei de HBS op It Hearrenfean. Wurke yn Stuifzand (by Hoogeveen) en yn Emmen yn it fuortset ûnderwiis. Letter waard er skoalhaad fan de Kanskoalle yn Jobbegea. Dêrnei ûnderwiisbegelieder by GCO-Fryslân. Wenne yn Jobbegea en hie doe in kantoarke yn Easterwâlde en wurke benammen yn de Stellingwerven.
Skreau in boekje oer de streekskiednis. Hjirby foarme it finen fan in stoofke oan de Boeksreed by It Hearrenfean de ynspiraasje fan de speurdersroman De nacht van de stroffelstiennen (2002). It spilet yn syn eigen wenomjouwing: De Kompenije (Jobbegea-Tredde Slûs). Syn ynteresse foar skiednis wie oanlieding ta it skriuwen fan boeken út de 19e iuw, syn twadde, Marije, Oorlog en liefde in de Spaanse tijd (2003), giet werom nei de Tachtichjierrige oarloch. De haadpersoanen binne 'lytse' minsken dy't har rêde moatte yn wuollige tiden. Syn earste beide boeken hawwe in detective-struktuer, der moat in riedsel oplost wurde. Yn syn tredde roamn It skaad fan de draak (2004) besiket haadpersoan Pao syn echte heit en mem kennen te learen. Yn 2006 ferskynde syn fjirde roman De Lapkepoep. Hjirfoar ferdjippe De Haan him yn de “lapkepoepen”, omreizgjende keaplju út de 19e iuw dy't út de omkriten fan it noardwest-Dútske Mettingen nei Fryslân kamen mei lapkeguod. Alde leafde (2008) spilet yn de Hoarnstersweagemer Mieden yn de Twadde Wrâldoarloch famylje Kooiker wer it krease, joadske famke Floorke út De Gordyk is ûnderdûkt. Sy is letterlik de fleuryn 'e hûs: flink, aardich en humoristysk. Nei de oarloch wurdt Floorke gewaar dat se net werom kin nei har alde hûs. En op de pleats fan de Kooikers fynt in drama plak dat de hiele húshâlding útinoar skuort.
Yn 2009 hat Ytsje Hettinga it boek De nacht fan de stroffelstiennen bewurke ta in iepenloftspul yn Donkerbroek.
Nei in goed healjier fan swakke sûnens, ferstoar Henk de Haan op 17 desimber 2011 op 'e Gordyk.
Bibliografy
bewurkje seksje- Romans
- De nacht fan de stroffelstiennen (2002)
- Marije : oarloch en leafde yn ’e Spaanske tiid (2003)
- It skaad fan de draak (2004)
- De Lapkepoep (2006)
- Alde leafde (Oude liefde, 2008)
- Ferhaal 'It reade fytske' yn boekewikegeskink Feestlift (2009)
- Skiednis
- de pastorievenen van Hoornsterzwaag
- De moord in de hoorn, vingerafdrukken van de geschiedenis van Jubbega-Schurega en Hoornsterzwaag (1984)
- Poëzij
- Sonnet op de leafde (2004)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |