Meindert Bylsma

(Trochferwiisd fan Meindert Bijlsma)

Meindert Bylsma (Wergea, 11 novimber 1941) is in Frysk dichter, skriuwer, ûnderwizer en learaar nifelûnderwiis (handenarbeid) út Kimswert.

Meindert Bylsma waard op 11 novimber 1941 berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Nei de militêre tsjinst, waard er ûnderwizer oan in legere skoalle yn Drachten en letter learaar nifeljen oan in middelbere skoalle yn Ynskedee. In pear jier dêrnei fêstige er him yn Kimswert en waard er learaar Nederlânsk en hânfeardigens oan in skoallemienskip yn Harns.

Ynearsten waard Bylsma foaral bekend om syn poëzy. Hy hearde ta in ploech jonge dichters, dy't ein jierren sechtich, begjin jierren santich de literatuer út har ivoaren toer helje woe en om dat te berikken letterlik de strjitte opgongen om foar har meast tagonklike wurk omtinken te freegjen. Foar twa fan syn gedichten krige Bylsma yn 1966 en 1967 in Rely Jorritsmapriis. Syn earste dichtbondel wie De tévé op it jiskelân (1968). Dêrnei folgen noch seis oare bondels, wêrfan't In faai hinnekommen (2001) de lêste wie.

Bylsma's earste koarte ferhalen ferskynden healwei de jierren sechstich, wêrûnder It motyf, dat yn novimber 1967 yn in jongereinnûmer fan it tydskrift De Tsjerne opnommen waard. Ek trije fan Bylsma's ferhalen waarden mei in Rely Jorritsmapriis bekroand (yn 1965, 1968 en 1970). Syn earste novelle wie Boartsjenderwei, dat yn 1981 as spesjaal nûmer fan it literêre blêd Sonde ferskynde. Dêrnei publisearre er de ferhalebondels Praat út in hynstekop (1983) en It grom spat alle kanten út (1986). Yn 1992 folge syn earste roman, Fuortsmytballade yn es. Trije jier letter kaam Hotputs en oare kremearkes út. Oare kremearkes waarden publisearre yn Hite bliksem, it Fryske boekewikegeskink dat Bylsma yn 1997 skreau. In jier letter ferskynde de roman Shit my mar lek. Bylsma's lêste proazawurk is de ferhalebondel Fan flierefluiters en droechstinners (2005).

Bylsma skriuwt ek foar bern: hy levere in grut tal bydragen oan ferskate lês-, sjoch-, en dochboeken, wêrûnder in tal toanielstikjes.

Bylsma wie yn 1968 yn 'e mande mei Josse de Haan en Geart van der Zwaag ien fan de inisjatyfnimmers fan Operaesje Fers. Twa jier letter wie er belutsen by de oprjochting fan de Koperative Utjowerij. Fan 1974 oant 1982 wie er redakteur fan it literêre tydskrift Sonde en fan 1990 oant 1995 fan it kulturele moanneblêd De Strikel. Fierder wie Bylsma bestjoerslid fan It Skriuwerboun, it FLMD en de stichting It Fryske Boek. Ek wie er lid fan de advyskommisje foar Fryske literatuer fan de provinsje Fryslân.

Hy joech ek bondels yn eigen behear út.

  • 1981 : Boartsjendewei. (novelle. Spesjaal nûmer fan it tydskrift Sonde, 8e jiergong nû. 32)
  • 1983 : Praat út in hynstekop (ferhalen)
  • 1986 : It grom spat alle kanten út (ferhalen)
  • 1992 : Fuortsmytballade yn es (roman)
  • 1995 : Hotputs en oare kremearkes (Ljochtmoanneboekje nû.7)
  • 1997 : Hite Bliksem (Boekewikegeskink nû. 9 – Nije kremearkes)
  • 1998 : Shit my mar lek (roman)
  • 2005 : Fan flierefluiters en droechstinners (kremearkers)
  • 2007 : Yn 't wylde wei
  • 2010 : De brêgesitter
  • 2015 : Allegearre snie: speurdersroman
  • 2018 : Moard yn 'e hitehei (detektive)
  • 1968 : De tévé op it jiskelân
  • 1968 : Broadtsje heal-om/Broodje half-om (mei Josse de Haan, en R.R. van der Leest)
  • 1969 : Yngreep (mei oaren)
  • 1970 : Boartlik boartskipje (mei oaren)
  • 1970 : Hipokrisie (mei oaren)
  • 1970 : Ynfiltraasje (mei oaren)
  • 1975 : Ugh
  • 1979 : Oant sjen yn Peasens-Moddergat (mei foto's fan Winfried Walta)
  • 1986 : Tekens fan hjoed nei juster (mei foto's fan Winfried Walta en Anny Bylsma)
  • 1988 : It spul troch it gat sjen
  • 1996 : Dy iene ielreager dy't opwjokket
  • 2001 : In faai hinnekommen
  • 2013 : Rys mei rezinen. Grôt mei krôde
  • 2019 : In balpinne tsjin 'e râne fan it trottwaar, Utjouwerij Elikser
  • 1979 : Protest/portret (mei oaren)
  • 1983 : Doch-sels I. Karkribelje (toanielstikje mei ferskes foar bern) (mei oaren)
  • 1984 : Zangvogels (bondel mei liedsjes foar bern, oersette teksten fan Meindert Bylsma en Baukje Wytsma, gearstald troch Hans ten Have)
  • 1985 : Patat spesjaal (samling fersen, ferhalen, grappen en toanielstikjes foar bern) (mei oaren)
  • 1985 : Doch-sels II. In lês-, sjoch-, en dochboek (mei oaren)
  • 1985 : Doch-sels III. It geheim fan it Gouden Ljocht (toanielstikjes, berneferskes en spultsjes) (mei oaren)
  • 1987 : Sinteklazegedichten (mei oaren)
  • 1965: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Fan in greate man en in lyts mantsje
  • 1966: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht De lifter
  • 1967: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Forgunning
  • 1968: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal De blauwe bar
  • 1970: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Haedfilm

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: